'Machtsstriid tusken lytse groep dosinten en lieding op Drachtster Lyceum'

It Drachtster Lyceum © Omrop Fryslân, Karen Bies
Op it Drachtster Lyseum is in "machtsstriid geande tusken in lytse groep dosinten en de skoalle". Dy striid komt fuort út in "diskusje oer needsaaklike feroaringen".
Dat seit Pieter Schram, bestjoersfoarsitter fan skoalgroep Singelland, dêr't it Drachtster Lyceum ûnder falt. Schram reagearret op it nijs dat de Underwiisynspeksje ûndersyk dwaan sil nei de gong fan saken op de skoalle.
De ynspeksje hat sechstjin meldingen dêroer krigen en is benaud dat de ynterne rûzje min is foar de kwaliteit fan it ûnderwiis. It is net bekend wannear't it ûndersyk klear wêze moat, mar dat soe samar in pear moannen duorje kinne.

Spul tusken rektor en meisizzenskipsried

It Drachtster Lyceum wurdt sûnt begjin dit jier laat troch rektor Eric van 't Zelfde. Hy is bekend fan it tv-programma Dream School, wêryn't skoalferlitters help krije om wer learen te gean. Earder stie er oan de lieding fan middelbere skoallen yn Rotterdam, Gorinchem en it Noard-Hollânske Laren.
Van 't Zelfde hat spul mei de meisizzenskipsried. Dat soe gean oer de ynfiering fan in nij lesroaster. De ôfrûne moannen binne der sechstjin meldings binnenkaam by de ynspeksje.
Erik van 't Zelfde op it Drachtster Lyceum, dêr't er sûnt febrewaris rektor is © ANP
De rektor soe besocht hawwe om de meisizzenskipsried te skorsen, wat wetlik net kin. De ynspeksje hat petearen hân mei it bestjoer likegoed as de meisizzenskipsried en hat konstatearre "dat er dusdanige risico's zijn voor de kwaliteit van het onderwijs, dat dit aanleiding geeft tot een onderzoek".
Sels sizze se út privacyoerwagings net wêr't de meldings oer gean. De Algemene Onderwijsbond (AOb) is ek op 'e hichte, mar jout ynhâldlik gjin kommentaar en wachtet it ûndersyk en in mooglike rjochtsaak oer it skorsen fan de meisizzenskipsried ôf.

Konsekwinsjes

Schram seit dat er betreuret dat fertroulike ynformaasje "door anonieme bronnen naar buiten is gebracht. Dit is zeer schadelijk voor het proces waarin de school zich bevindt om het onderwijs weer op orde te brengen."
As de Underwiisynspeksje ta de konklúzje komt dat er yndie wat mis is op it Drachtster Lyceum, kin de skoalle de opdracht krije om dat better te meitsjen. As dat net helpt, kin de ynspeksje oerheidsjild foar de skoalle ynhâlde. En yn it uterste gefal kin de minister fan Underwiis, op advys fan de ynspeksje, in bestjoerder ferplichtsje om op te stappen.