Mei de auto nei Gran Canaria ferhúzje foar wurk, Suzanne en har freon diene it

Foar Suzanne Bergstra (25) wie Spanje altyd in grutte dream. No wennet en wurket se sûnt fiif moannen op Gran Canaria. De ferhuzing gie mei de eigen auto, fan Nederlân hielendal nei it Kanarysk eilân.
It eilân Gran Canaria wie al bekend terrein foar har. As bern kaam se der faak mei har âlden en suster.
Noch net sa lang ferlyn hat se in heal jier yn Spanje studearre. En doe barde der wat. It lân makke safolle yndruk op har dat se werom woe. Har freon Martino woe wol mei. "We hawwe it der faak oer hân en deroer dreamd."
It moast mar oangean. Se besleaten de auto yn te pakken en binne nei it Súd-Spaanske kustplak Huelva riden. Yn etappes, dat fansels wol. Want we hawwe it hjir oer in ôfstân fan goed 2800 kilometer. Yn Huelva giene se op de boat en sa kaam de auto mei Nederlânsk kenteken op it Kanaryske eilân Gran Canaria oan dat yn de Atlantyske Oseaan rûchwei foar de kust fan Afrika leit.

Dat wie fiif moanne ferlyn. It ferbliuw op Gran Canaria fielt noch wat ûnwerklik. "We sizze faak tsjininoar dat we goed om ús hinne sjen moatte en genietsje." It besef dat se harren dream neifolge binne, wurdt mei de dei wol wat grutter.
It is noflik wenjen op it eilân mei alle dagen waarm sinneskynwaar. Suzanne: "Dêr wurde wy hiel bliid fan."

Mar der is mear as de waarsomstannichheden. De kultuer, de mentaliteit fan de minsken, it iten en de taal sprekt har ek oan. En it simpele fan it bestean. "Hast hjir mar in bytsje nedich om it moai te hawwen."
Dat se Fryslân achter har litten hat, hat Suzanne net safolle muoite mei. Der kin ommers belle en fideobelle wurde. Boppedat besiket se freonen en famylje safolle mooglik yn it echt te sjen. It doel is om de trije moanne. Dan gean Suzanne en har freon werom nei Nederlân of de oaren komme nei Gran Canaria.
"Sjochst inoar minder faak. Mar de tiid dy'tst mei-inoar trochbringst, is wol ekstra kostber."

Suzanne wurket as gastfrou yn in cocktailbar/restaurant yn Puerto Rico, it plak dêr't de twa ek wenje. Har freon wurket as kok yn in pizzeria, in plakje fierderop.
Spaansk praten giet bêst goed. Sûnt har stúdzjetiid yn Spanje hat se aardich wat byleard en dat giet alle dagen noch troch. Mei har Spaansktalige kollega's kin se har prima rêde kwa taal.

Harren dream is om úeinlik wat foar harsels te begjinnen, Dat kin op Gran Canaria wêze of op it fêstelân fan Spanje. In restaurantsje, wat lyts dat se tegearre en miskien mei noch wat personiel runne kinne. "As we dêrfan libje kinne, soe dat fantastysk wêze."
