Friezen moatte it fierste ride foar in sikehûs en dat wurdt mei in fúzje noch slimmer

Friezen moatte fan alle Nederlanners it fierste ride nei in sikehûs. Dat wurdt yn de takomst allinnich mar mear. Troch fúzjes yn de soarchsektor sil dat oprinne fan 13 nei gemiddeld 15 kilometer.
Dat docht bliken út ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) yn opdracht fan Omrop Fryslân. Dêrby is sjoen nei de ôfstân ta sikehûssoarch yn 2022 en dat is ferlike mei de ferwachte situaasje yn 2030. Dan soene ûnder oare de sikehuzen Antonius fan Snits en Tjongerschans fan It Hearrenfean fusearre wêze ta in nij sikehûs op De Jouwer.
In oar ûndersyk, útfierd yn opdracht fan de gemeente Súdwest-Fryslân, lit sjen dat tsientûzen ynwenners yn dy gemeente net binnen trije kertier by in ôfdieling foar spoedeaskjende help komme kinne. Dy 45 minuten is de noarm fan it ministearje fan Folkssûnens.
It rapport 'Toekomstbestendige zorg in Súdwest-Fryslân' is opsteld troch ûndersyksburo SiRM yn opdracht fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
It buro hat trije senario's ûndersocht: sluting, fúzje en in swier ôfslanke sikehûs yn Snits:
By in fúzje fan it Antonius en Tjongerschans moatte de measte pasjinten fierder reizgje. In oar punt fan soarch is neffens de ûndersiken de personielskrapte.
Gruttere ôfstannen
Foar ynwenners fan de gemeente Súdwest-Fryslân wachtet by de mooglike sikehûsfúzje de grutste feroaring. Sy moatte no gemiddeld 10 kilometer ride, dat soe goed 21 kilometer wurde.
Ynwenners fan de gemeente Hearrenfean ride no gemiddeld 6 kilometer, dat wurdt dan 13. Foar guon Friezen wurdt it better. Ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren ride no goed 16 kilometer, nei de foarnommen fúzje noch mar 11.
Foar Friezen mei in auto binne de ôfstannen noch oant dêr oan ta. Mar wa't gjin auto hat en ek gjin netwurk dat as taksy tsjinnet, komt yn de problemen. Ut Gaast wei binne je op de fyts bygelyks hast twa oeren dwaande om nei in sikehûs te kommen. Mei it iepenbier ferfier duorret it goed in oere.
Dy lange reisôfstannen foar minsken sûnder auto soargje derfoar dat de drompel om nei it sikehûs ta te gean heger wurdt.
Ambulânsen langer ûnderweis
De fúzje betsjut foar guon plakken ek dat ambulânsen langer dwaande binne om by de spoedeaskjende help fan in sikehûs te kommen. De noarm fan it ministearje dy't dêroan keppele is, is om safolle mooglik minsken berikke te kinnen binnen 45 minuten.
Dat slagget no by in soad plakken al net. Dat binne saneamde 'zorgwoestijnen'. Op it stuit binne der yn Nederlân goed 16.000 minsken dy't net binnen dy noarm fan 45 minuten falle. De ferwachting is dat dat oantal nei de fúzje omheechgiet.

Minister Kuipers woe fan de 45-minutenoarm ôf. Dy fynt er efterhelle, omdat je neffens him fuort nei it plak ride kinne dêr't de bêste soarch jûn wurde kin. Dat moat net ôfhingje fan in spesifike noarm.
It foarstel om de noarm te skrassen is lykwols kontroversjeel ferklearre troch de Twadde Keamer.
Personielskrapte
Nettsjinsteande alle gefolgen dy't de fúzje ha sil, docht út it ûndersyk fan Súdwest-Fryslân wol bliken dat it bot nedich is. Want as it Antonius Sikehûs iepenbliuwt, is it grutste probleem it finen fan personiel. Der is no al sprake fan krapte en dat wurdt yn de takomst allinnich mar slimmer.
It gefolch dêrfan is dat lang net mear alle soarch jûn wurde kin yn it sikehûs. Húsdokters krije it drokker. Dêr binne neffens de opstellers fan it rapport dan ek mear fan nedich yn it súdwesten fan de provinsje.

Dy druk by de húsdokters nimt ek ta by in fúzje en ferhuzing fan it sikehûs. De ferwachting is dat de húsdokterspost dan ek ferdwynt.
Dat hat te krijen mei ôfspraken oer saneamde 'spoedpleinen'. Dêr komme je as pasjint bygelyks binnen yn de húsdokterspost, mar kinne je fuortendaliks trochferwiisd wurde nei de earste help foar it meitsjen fan bygelyks in foto.
De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân soe tongersdeitejûn om tafel mei de bestjoerders fan it Antonius en soarchfersekerder De Friesland. De bestjoerders ha de ôfspraak ôfsein, omdat se noch wurkje oan konkrete plannen foar de mooglike fúzje. Dêrom fine se it no noch te betiid om om tafel te gean.
It grutste punt fan soarch yn it ûndersyk fan de gemeente Súdwest-Fryslân is de bertesoarch. Dy bliuwt allinnich op peil as it sikehûs yn Snits iepenbliuwt. As der in fúzje komt, wurdt dy soarch minder goed. Bliuwt der allinnich in polyklinyk oer yn Snits, dan is de bertesoarch yn de takomst ûnder de mjitte.
By de gemeente Súdwest-Fryslân binne se ek benaud foar de posysje fan it ûnderwiis. By de soarchopliedingen fan de skoalle Firda rinne studinten staazje by it sikehûs dat letterlik oan de oare kant fan de dyk leit.
Mar, sa skriuwe de opstellers fan it rapport oer takomstbestindige soarch, der binne genôch alternativen oanwêzich om staazje te rinnen. De opliedings binne net ôfhinklik fan it sikehûs.
Bettere soarch
It rapport lit ek sjen dat de fúzje wol soarget foar bettere soarch. Dat hat te krijen mei in grutter fersoargingsgebiet fan 240.000 ynwenners. Dat makket in nij sikehûs takomstbestindich. It soarget der neffens de ûndersikers ek foar dat spesjalismen bliuwe, omdat der genôch pasjinte-oanbod is.