Natuerynklusyf buorkje is populêr, fernimt Land van Ons: “Wy ha in wachtlist”

Boer Geert Rozema © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Natuerynklusyf buorkje, oftewol: buorkje mei each foar de natuer. Koöperaasje Land van Ons fernimt dat der hieltyd mear boeren binne dy't op dizze wize buorkje wolle. Der is sels in wachtlist.
Boer Geert Rozema hat in buorkerij tusken Wynjewâld en Bakkefean. Syn lân bestie foar it grutste part út gerslân, al hie er ek wol mais.
Rozema die jierren oan biologyske lânbou, mar sette op in gegeven stuit lân te keap. Doe kaam hy yn kontakt mei Land van Ons. "Ik lies in stikje yn de krante oer Land van Ons. Doe tocht ik: dat leit my wol."
Natuer-ynklusyf buorkje is populêr: koöperaasje Land van Ons hat sels in wachtlist
Land van Ons hat de grûn fan Boer Geert oerkocht, seit Rozema. "Ik bin in natuerminske, dus ik seach it wol sitten om it op dizze wize te dwaan. It leit my. Ik lies it allegearre en tocht: dy passe wol by my", seit Rozema. "It hat wol in jier duorre, mar wy binne der út kaam. Dat hinderet neat."
Rozema hat leafde foar de natuer. "Je moatte ek in bytsje om de bisten tinke. Dan jout it fee mar wat minder molke. Je wiene altyd op it rantsje oan it buorkjen, mar dat lei my net."

Fan ûnderen op

Hy makket mei de koöperaasje plannen om sa natuer-ynklusyf mooglik te buorkjen, leit Gerrit Elsenga út. Hy is perseelkoördinator foar Land van Ons by it perseel Bakkefean.
"Wy seagen dat de polityk net ta oplossingen kaam. Dat frustrearret. Yn 2019 is dêrom Land van Ons úteinset, om te sjen oft sy fan ûnderen op mei de minsken oan natuer-ynklusive lânbou dwaan kinne."
Geert Rozema en Gerrit Elsenga © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De koöperaasje wol it bioferskaat fan de grûn en it lânskip ferbetterje. It lân fan Geert Rozema is dêr tige geskikt foar, seit Elsenga. "It wie al biologysk, dus mei it bioferskaat sit it al better as by net-biologyske grûn. Mar wy wolle hjir slaggen meitsje: dat it noch mear en noch better wurdt."
Land van Ons brûkt gjin bestridingsmiddels en keunstdong. It wol in rendearjende lânbou, mar wol hân yn hân mei de natuer.

Utwreidzje

De dreamen fan Land van Ons binne grút. Op dit stuit wurkje sa'n 30 boeren mei de koöperaasje gear, yn sa'n 17 projekten troch it hiele lân. Mar dat moatte der noch folle mear wurde.
Yn Fryslân rinne der twa projekten, mei-inoar sa'n 50 bunder. By Bakkefean-Wynjewâld giet it om 33,8 bunder en by Sweagermieden is noch in twadde projekt fan sa'n 16,4 bunder.
Perseelkoördinator Gerrit Elsenga fan Land van Ons © Omrop Fryslân
"Wy ha in wachtlist", seit Elsenga sels. "In list fan boeren dy't harren oanmeld ha en dy't graach op dy natuer-ynklusive wize oan de gong wolle. Op dit stuit binne wy oan de gong om yn hiel Nederlân grûn te keapjen."
De grún dy't Land van Ons van de boeren keapet, wurdt goed yn de gaten hâlden. "Wy sjogge alle jierren hoe't de bisten harren ûntwikkelje. Wy mjitte dan hoe't it giet mei it bioferskaat. Wy ha wjirms, ynsekten, flinters, fûgels. Oan de hân dêrfan kinne wy ek sjen oft de yngrepen dy't wy dogge goed binne."

Boekweitbijen

By boer Rozema stiet no wer boekweit, in gewaaks dat eartiids ek op sa'n fiif bunder lân groeide. It kaam fansels op, mar Land van Ons hat it holpen troch in tal kasten mei huningbijen del te setten foar de bestowing. Tydlik, sa't it wylde bijen ek net yn 't paad sit.
Uteinlik moat der ek wer koalsied, rogge en weet komme op de grûn dy't boer Rozema no fan de koöperaasje pachtet.
Dy blomkes, dat is dochs prachtich om te sjen.
Geert Rozema
Rozema hat gjin spyt fan de gearwurking. "Ik ha noch net ien hân dy't sei: 'dat hiest net dwaan moatten'. It is in bewuste kar dy't wy meitsje en ik bin der echt hiel bliid mei. Ik wol ek genietsje. Dy blomkes, dat is dochs prachtich om te sjen. De ljip en de skries werom, dat fyn ik ek wichtich."
Sneon 23 septimber hâldt Land van Ons in iepen dei op de pleats fan Rozema om belangstellenden mear oer it hoe en wêrom fan it projekt út te lizzen. Fan 13.00 oant 15.00 oere binne minsken wolkom op de buorkerij.

Iepen dei

Rozema ferwachtet oanrin op syn pleats. "Ik tink ek wol dat der minsken binne dy't sizze: dat soe dochs hartstikke leuk wêze, as wy in stikje grûn ha dat goed beheard wurdt troch boer Geert mei Land van Ons."