Spanning rint op by omwenners: ried Tytsjerksteradiel beslist oer nije biofergêster by Sonac

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel nimt tongersdei it beslút oft it wol of net in 'verklaring van geen bedenkingen' ôfjout foar in nije 'groengasynstallaasje' by Sonac yn Sumar. Dúdlik is al dat in groep omwenners yn elts gefal wol betinkingen hat.
Sonac wol in ynstallaasje bouwe dy't dierlike reststoffen fergêstet ta gas. Mei de ynstallaasje kin sa'n 140.000 ton yn it jier ferwurke wurde.
Dat leveret biogas op foar likernôch 12.000 húshâldingen. Dêrfoar binne meardere nije bouwurken nedich, wêrfan't trije silo's fan 24 meter heech it meast opfalle.
De provinsje Fryslân moat dêr in fergunning foar ferliene, mar dat kin pas as de ried fan Tytsjerksteradiel in 'verklaring van geen bedenkingen' ôfjout.
Noed oer lucht en lûd
It kolleezje fan Tytsjerksteradiel is posityf en freget de ried om yn te stimmen. Omwenners binne lykwols bang dat de nije ynstallaasje soarget foar mear lucht- en lûdsoerlêst.

Neffens de miljeu-effektrapportaazje en akoestysk ûndersyk soe dêr gjin sprake fan wêze. "De geurbelasting van de omgeving zal door de nieuwe installatie niet veranderen en past binnen de huidige vergunning", skriuwt it kolleejze nei fragen fan de lokale VVD.
Ut akoestysk ûndersyk docht fierder bliken dat de lûdsoerlêst maksimaal 0,4 desibel heger wurde sil.
"De effecten zijn neutraal of nauwelijks merkbaar, dus daar maken wij ons nu geen zorgen over", sei ferantwurdlik wethâlder Berber van Zandbergen ferline wike by it Iepen Poadium, dêr't antwurd jûn waard op technyske fragen fan de rie yn oanrin nei de gearkomste fan tongersdeitejûn.
Fragen
De VVD en de koälysjepartijen FNP en PvdA-GrienLinks makken fan de mooglikheid gebrûk om fragen te stellen. De FNP woe mear witte oer de kontrôle op de luchtoerlêst en de PvdA-GrienLinks frege oft de omwenners de gas dy't makke wurdt ek goedkeap yn 'e hûs krije kinne.
Op dy lêste fraach koe it kolleezje noch gjin antwurd jaan. Dat sil fierder ûndersocht wurde.
Oer de luchtkontrôles skriuwt it kolleezje: "In de vigerende vergunning geldt een jaarlijkse geurcontrole waarbij voldaan moet worden aan de gestelde eisen/voorwaarden. Eventuele planschade is voor het bevoegd gezag, de provincie."
Ynsprekker
By it Iepen Poadium spruts ek ynwenster en earder GrienLinks-riedslid Brigitte Scheepsma yn. "Ik kom een paar bedenkingen brengen", sa sei se oan it begjin fan har ferhaal.
"We weten allemaal dat als nu een fabriek als Sonac weer gebouwd zou moeten worden, dat hij niet weer op die plek terecht zou komen. Zo dichtbij de bewoonde wereld. Die krijgen we niet meer weg, die staat er. Maar om daar dan nu zo'n grote uitbreiding aan toe te voegen..."

Scheepsma hat fierder har fraachtekens by it griene dat oan it gas taskreaun wurdt. De resten fan de fleisferwurkjende yndustry binne neffens har per definysje net grien, om't dy yndustry hoe dan ek in grut miljeu-effekt hat.
"Neemt niet weg dat het goed is om resten op te ruimen. Dus als Sonac dat doet, is dat nuttig, maar het is wel raar om dat duurzaam te noemen", sei se by it Iepen Poadium.
Wekker fan de lucht
Fia sosjale media hat in oare omwenner, Jellie Herder, in oprop dien om de soargen dy't libje te dielen mei de griffy. Mear as 15 minsken hawwe dat al dien, sa docht bliken út de ynkommen stikken.
"Ik wit net iens seker oft ik wol tsjin bin", seit Herder, dy't op sa'n 500 meter fan it fabryk wennet. "Mar ik meitsje my wol soargen oer it lûd en de lucht. Ik wurd no somtiden nachts wekker fan de lucht, as dat mar in fraksje mear wurdt, dan wurde je dêr net bliid fan. En wat docht it mei de sûnens?"

"As Sonac garandearje kin dat der gjin ekstra oerlêst komt, of as se ree binne om it wer plat te smiten as dat wol sa is, dan mei it om my komme", seit Herder. Mooglik komt Herder by de gearkomste mei in ludike aksje, mar wis is dat noch net, liet se woansdei witte.
Ek as de ried in posityf beslút nimt oer de ynstallaasje, giet Herder troch mei har striid. "Dan klopje we oan by de provinsje", seit Herder.
Twadde kear
It is al de twadde kear dat in bedriuw in biofergêster yn Tytsjerksteradiel bouwe wol. Yn 2017 helle in foarstel foar sa'n ynstallaasje fan Engie it lykwols net yn de gemeenteried.
De riedsgearkomste begjint tongersdei om 19.00 oere. Oft der in definitive beslissing falt, is noch de fraach. Sjaak Hoekstra fan de VVD hat by RTV NOF al oanjûn om jûn mear tiid te freegjen foar in beslút.