Fremantle Highway ferhuzet tongersdei nei de haven fan Rotterdam

It frachtskip Fremantle Highway wurdt tongersdei út de Eemshaven wei nei de haven fan Rotterdam sleept. De bedoeling is dat it dêr fierder útinoar helle wurdt.
Op it skip bruts ein july brân út, doe't it op de Noardsee boppe It Amelân fear. By de brân foel ien deade en meardere minsken oan board rekken ferwûne. It skip hie tûzenen auto's oan board. Nei alle gedachten ûntstie de brân by ien fan de akku's yn dy auto's
Nei't it fjoer út wie, is it skip fersleept nei de Eemshaven yn Grinslân. Berger Boskalis hat de ôfrûne tiid auto's fan it skip helle. It skip moat uterlik mids oktober út de Eemshaven wei. It kin dêr mar oant 14 oktober lizze.