'The Day After': Fryske biblioteken binne yn elts gefal bliid mei de Troanrede

De Twadde Keamer by de Algemiene Beskôgingen © NOS
Ekstra jild foar biblioteken, minder besunigingen op de âldereinsoarch en de kening dy't omtinken hat foar jonge boeren. De Miljoenenota smyt de dei nei Prinsjesdei tradisjoneel mingde reaksjes op.
Biblioteken krije ekstra stipe om yn te setten foar nije lokaasjes of projekten. Dêr binne se yn Fryslân tige wiis mei: "Wij hoorden al een tijd geleden dat er een structurele bijdrage gaat komen van de Rijksoverheid", seit direkteur Paulien Schreuder fan biblioteek Noard-Fryslân.
"We kunnen nu voor 23 en 24 een incidentele subsidie aanvragen, vanaf 25 wordt dat structureel."
Neffens Schreuder wie der ek ferlet fan dy stipe: "De bibliotheek is tijdens corona een essentiële voorziening geworden. Wij doen tegenwoordig veel meer dan boeken uitlenen."
Paulien Schreuder, direkteur by Bibliotheek Noard-Fryslân © Omrop Fryslân
"Zo hebben we een informatiepunt digitale overheid, ondersteuning op het gebied van digitale vaardigheden en taalondersteuning. Dat heeft de Rijksoverheid nu ook gezien. Hoera!"
Yn Noard-Fryslân en De Fryske Marren is al subsydzje oanfrege, dat is hast al binnen: "We gaan het gebruiken voor huiskamerbibliotheken", seit Schreuder.
"In ons werkgebied hebben we 15 vestigingen, maar dat is lang niet breed genoeg om iedereen te bereiken. Wij gaan dus in kleine kernen, zoals Holwert, Ried en Easternijtsjerk onze huiskamerbibliotheken uitbreiden. Dat is prachtig, dan zitten we dichter bij de inwoners voor wie we zijn."
De fraach dy't dan opkomt is wat dat duorsume buorkjen dan is.
Regiobestjoerder Jan Teade Kooistra fan LTO Noord
It kabinet hat 100 miljoen euro reservearre foar jonge boeren dy't duorsum buorkje wolle. Op dy wize kin der wat dien wurde oan it probleem dat der dreech opfolgers te finen binne. Ek soarget dat neffens it kabinet foar in tanimming yn it duorsum buorkjen.
By LTO Noord fine se it idee moai, mar binne se wol benijd nei de ynfolling. "De fraach dy't dan opkomt is wat dat duorsume buorkjen dan is", seit regiobestjoerder Jan Teade Kooistra.
"Dat hawwe wy noch net fine kinnen. It is moai dat jonge boeren boer wurde kinne. Mar as er boer is, moat er dat ek bliuwe kinne. Dan krijst it wurd 'perspektyf' wer, wat suver in leech begryp wurden is."
Boer Jan Teade Kooistra, regiobestjoerder fan LTO Noord © Omrop Fryslân
It Ryk stelt ek 50 miljoen euro beskikber foar it op de merk setten fan biologyske produkten: "Dat ferhaal leit breder. Us merk is in Noardwest-Europeeske. Dan moatte je folle mear regelje as yn Nederlân. It risiko is dat je in merk yn ûnbalâns bringe. Je moatte net in boer in rjochting yn triuwe dêr't er yn 'e knipe komt. En mei 50 miljoen euro feroarje je de wrâld echt net, hear."
Op dit stuit is it ferkiezingstiid, dat betsjut dat der fan alle kanten wei in soad plannen neamd wurde. Kooistra hopet dat de plannen gau konkreet wurde kinne.
"Uteinlik hawwe wy ferlet fan it hiele ferhaal. Alles moat trochrekkene wurde. Wat binne de gefolgen? Hoe pakt dat út? En wat betsjut it foar de lange termyn? Dan hawwe je der wat oan."
Politisy út Noard-Nederlân op de bordesfoto © Omrop Fryslân
Yn de Troanrede wie ek omtinken foar kultuer. Opfallend by in VVD-regear, fynt Douwe Zeldenrust fan Keunstwurk. Hy is der dan ek ferromme oer.

"Ik hoopje dat Ljouwert harket"

"It is eins foar it earst dat wy dit meimeitsje. Ik tink dat it goed past by dizze tiid. Der is in soad oan de hân yn de mienskip. Ek hjir yn Fryslân. Ik tink dat keunst en kultuer yn de ferbiningen in soad betsjutte kinne. It bringt minsken byinoar en hat in grut sosjaal aspekt. "
Dochs is Zeldenrust net bot fernuvere oer de beneaming. "Maxima is al jierren in pleitbesoarger foar keunst en kultuer. Steatssekretaris Gunay Uslü set har ek goed yn foar de sektor. Ik hoopje dat it kolleezje fan Ljouwert hjir ek goed nei harket, want der waard sein dat it wichtich is, fan teäter oant festival."
De HRMK-spoarbrêge © Kappers Media
Njonken de biblioteken en de kultuer stiet der noch in oantal oare opfallende saken yn de begrutting. Sa gean de aksyns op tabak en alkohol fierder omheech. Ek moatte camper-eigeners mear motorreaubelesting betelje. Der wurdt minder besunige op âldereinsoarch.

Ynfrastruktuer

Dêrnjonken binne de plannen foar de ferbettering fan de ynfrastruktuer fêstlein. Der is 9 miljoen euro beskikber foar foarûndersyk nei de Lelyline. Fierder is der 75 miljoen euro frijmakke om de HRMK-spoarbrêge by Ljouwert om te bouwen ta akwadukt.
Woansdei en tongersdei wurdt alles bepraat by de Algemiene Beskôgingen yn de Twadde Keamer. Dêrnei sil der mear dúdlik wêze oer hoe't it jild krekt ferdield wurdt.