Moarns in bakje hybride-yochert? Ljouwerter studinten ha dat foarinoar krigen

Studinten Anke Vos, Hilde Slaghuis en Mohammad Noman folje in saneamde 'digicooker' © Van Hall-Larenstein
Ljouwerter studinten fan hegeskoalle Van Hall Larenstein binne deryn slagge in 'hybride-yochert' te meitsjen. Dy is makke fan plantaardige molke en 'gewoane' suvel, dus kowemolke.
Sa'n soart yochert soe it iten fan plantaardige suvel oantrekliker meitsje moatte foar konsuminten.
It liket net sa dreech om wat yochert fan hjouwer of soaja mei wat 'gewoane' yochert te mingen, mar sa maklik giet dat no ek wer net. Der wurdt earst in mingsel makke en dêr wurdt in yochertkultuer by dien. Sa krijt it gehiel in goede, unifoarme struktuer.
Ljouwerter studinten meitsje in hybride-yochert
Op dizze wize binne der twa soarten yochert makke: ien mei in tredde hjouwermolke en de oar heal-om-heal mei kowe- en soajamolke. Dy lêste is wat swieter en foldocht de konsuminten it bêste, sa docht bliken út ûndersyk. De yochert mei in part hjouwermolke smakket wat mear nei músly.

Kantine

De opdracht oan de studinten wie om lokale, duorsume produkten mei in konstante kwaliteit te meitsjen foar kantines. Hieltyd mear minsken kieze foar plantaardige alternativen foar kowesuvel.