Inisjatyfnimmers leauwe noch yn Holwert oan See en dogge krityk ôf as 'byldfoarming'

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De inisjatyfnimmers fan Holwert oan See tinke noch hieltyd dat it projekt helber is. It krijt mear en mear foarm, mar it bliuwt in proses fan lange azem.
Tiisdeitejûn waarden sa'n tritich belangstellenden bypraat oer de stân fan saken fan it projekt, wêrfan't de earste plannen tsien jier lyn al makke waarden.
Sân wurkgroepen binne drok dwaande mei alle oerbleaune fraachstikken. Dit nei oanlieding fan it beslút fan Provinsjale Steaten om Holwert oan See stypje te bliuwen, wylst it provinsjebestjoer de stekker derút lûke woe.

BBB krityk is byldfoarming

Inisjatyfnimmer Marco Verbeek hat gjin noed oer it feit dat de BBB, de grutste partij yn Provinsjale Steaten de stekker út it plan lûke wol. Abel Kooistra, fraksjefoarsitter fan BBB Fryslân sei earder dat der gjin gat yn de dyk komme moast.
Verbeek docht dy útspraak ôf as byldfoarming. "Dat it foar de boeren hiel min wêze soe troch it sâlter wurden fan de grûn en dat lânbougrûn fergriemd wurde soe, dat is net wêr't wy op ynsette. Ast it hast oer natuer en lânbou yn balâns, mei in sterk ekonomysk karakter: dat is wat wy hjir by útstek dogge."