Aktrise Bertrie Wierenga nominearre foar Televizier-Ring

Aktrise Bertrie Wierenga fan Ljouwert is nominearre foar in Televizier-Ring foar har rol as Shanti Vening yn GTST. De organisaasje hat tiisdei nei bûten brocht wa't nominearre binne foar dy telefyzjeprizen.
Njonken Wierenga binne ek Kim van Kooten en Robert de Hoog nominearre yn de kategory 'beste acteur'. Minsken kinne yntusken net mear stimme op ien fan de trije oerbleaune kandidaten.
Wierenga, dy't berne waard yn Ljouwert, spile yn april fan dit jier ek yn The Passion. Dêrneist hie se ien fan de haadrollen yn de populêre Fryske aksjekomeedzje Stjer.
Gala yn Carré
Der wurde op it gala yn totaal sân prizen útrikt. Dat bart op tongersdei 12 oktober yn teäter Carré yn Amsterdam.