Hy wenne yn syn libbenswurk: it ferhaal fan Eise Eisinga is noch lang net oer

Syn libbenswurk is bekroand as UNESCO Wrâlderfgoed. It Planetarium dat Eise Eisinga yn de 18e iuw boude, is dêrmei fan universele wearde. Mar al yn Eisinga syn eigen tiid wie it in begryp yn binnen- en bûtenlân.
Net allinne it libbenswurk, mar ek it libbensferhaal fan Eise Eisinga is tige nijsgjirrich. Eisinga wurdt op 21 febrewaris 1744 yn Dronryp berne as it twadde bern fan Jelte Eises en Hittje Steffens.
Sa belibben se hjoed yn Frjentsjer de bekendmakking
Heit Jelte is wolkjimmer en hat feinten yn tsjinst: hy keapet rûge skieppewol fan boeren en behannelet en fervet it om der tekstyl fan te meitsjen.
De jonge Eise krijt nei de legere skoalle ekstra les yn rekkenjen. Hy kin it famyljebedriuw oernimme, sa is de bedoeling. En in bedriuw mei personiel freget om in sekuere administraasje.

Yn 1768 trout Eise mei Pietje Jacobs en it stel komt yn De Ooijevaar te wenjen, it pân dêr't letter it Planetarium yn komt. Hy set in wolkjimmerij op en nimt ek minsken yn tsjinst. Eisinga is in fakman, mar wurdt ek bestjoerder yn it froedskip (bestjoer) fan de stêd en hâldt him in soad mei finânsjes dwaande.
Hy begjint yn 1774 mei de bou fan it Planetarium. Yn maaie fan dat jier hat predikant Eelco Alta fan Boazum yn de krante skreaun dat de eintiid deroan komt: hy foarseit dat fjouwer planeten en de moanne wolris botse kinne, wêrtroch't de ierde yn de sinne slingere wurdt.
Sân jier fierder
De foarsizzing wurdt wol sjoen as in oanlieding foar it bouwen fan it Planetarium, al spile Eisinga mooglik al langer mei it idee. De bou is in gigantyske put, dêr't er sa'n sân jier oer docht. Syn heit en broer helpe mei en yn 1781 is it Planetarium klear. De planeet Uranus mist, want dy wurdt pas in jier nei it foltôgjen ûntdutsen.

Al mei de oanlis komme der nijsgjirrige aachjes del. Sa bedarret ek Jean Henri van Swinden yn de wenkeamer fan Eisinga. Hy is in heechlearaar by de Universiteit fan Frjentsjer. De gelearde Van Swinden beskriuwt it Planetarium en troch syn publikaasje komt der noch mear omtinken foar it apparaat.
Eisinga wurdt in ferneamd man
Kranten oer de hiele wrâld skriuwe oer it Planetarium en tal fan pommeranten komme op besite. Eisinga wurdt in man fan oansjen yn Frjentsjer en bringt de wittenskip by de minsken.

Mar neist in tûke sakeman is Eisinga ek in patriot. Hy ferset him tsjin de minsken dy't foar stedhâlder Willem V binne en hy is ien fan de foaroanmannen yn de mear demokratyske beweging. Mar de patriotten lûke oan it koartste ein.
Op 'e flecht
Dêrtroch moat Eisinga yn 1787 syn húshâlding, bedriuw en Planetarium ferlitte. Eisinga naait út en sil syn frou nea wer sjen: sy komt te ferstjerren as hy yn Dútslân ferbliuwt. Letter fêstiget er him yn Visvliet, dêr't er op 'e nij trouwe sil, no mei Trijntje Sikkema.
Dochs wurdt er arrestearre, finzen set en feroardiele ta fiif jier ferbanning út Fryslân. Mar as de Frânsen ús lân binnenfalle, kin Eisinga lang om let werom nei syn Frjentsjer. Hy knapt syn Planetarium op en nimt syn eardere posysje wer yn.

Der folgje tsjinslaggen, sa ferliest er in soan en in neef, mar hy wurdt ek ûnderskieden yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. En yn 1818 komt kening Willem I op besite yn it Planetarium yn Frjentsjer. De kening beslút úteinlik it pân oan te keapjen en Eisinga jild te jaan foar it ûnderhâld.

Eisinga hat plannen foar in twadde, noch grutter planetarium. Mar fierder as in skaalmodel komt dat plan net. Eise Eisinga ferstjert yn 1828 op 84-jierrige leeftiid. Hy lit in testamint nei en hat hiel krekt beskreaun hoe't it Planetarium yn wurking hâlden wurde kin.
De myten oer Eisinga
Der libben ferskate myten om de persoan Eisinga hinne, mar dy ferhalen binne troch ûndersyk ûntkrêfte. Sa soe Eisinga autodidakt wêze, mar dat idee doocht net. Eisinga hie nammentlik wol deeglik ûnderwiis yn wiskunde en astronomy hân. Al doe't er jong wie, hie Eisinga talint en belangstelling foar wis- en natuerkunde.
Hy krige fan syn heit de kâns om kennis op te dwaan by in wiskundelearaar. En syn goedrinnende bedriuw makke dat er tiid frijmeitsje koe foar it bouwen fan it Planetarium, dêr't er in soad wille yn hie.

Eisinga boude syn Planetarium ek net 'om de ierde te rêden', nei de foarsizzing fan de predikant yn 1774. Nee, it begûn eins mear as in grap. Eisinga woe wolris sjen litte dat er it koe.
Eisinga syn ferhaal is noch net klear
De oanfraach fan de Wrâlderfgoedstatus hat der mei foar soarge dat der ris echt goed ûndersyk nei it libben fan Eisinga dien is. Dêrtroch kinne guon ferhalen trochprikt wurde, mar binne der ek tal fan nije ûntdekkingen dien.
Sa hat de stichting efter it Planetarium dit jier noch twa bysûndere leppels ûntdutsen, dy't ferwize nei de politike karriêre fan Eisinga. Ek kaam in boek mei oantekeningen fan in soan fan Eisinga foar it ljocht.
It ferhaal is dus noch lang net dien. Eisinga brocht de wittenskip by de minsken, en syn Planetarium docht dat noch hieltyd.