Tal Oekraynske flechtlingen nimt ta: ekstra bêden yn Ljouwert

Ljouwert krijt ferspraat oer de stêd ekstra bêden foar de opfang fan Oekraynske flechtlingen. Dat is nedich omdat der ôfrûne simmer mear flechtlingen nei Nederlân kaam binne.
Sa wreidet de opfang yn it gebou De Friesland út, biedt Hotel 't Anker tydlik ûnderdak en krijt camping De Wetterpôlle nei alle gedachten mear sjalets foar Oekraïners.
Fan it ryk moat Fryslân 3.880 opfangplakken organisearje. Dat komt foar de gemeente Ljouwert del op 738 bêden. Dat binne der 50 mear as de oarspronklike planning en Ljouwert hie ek al in efterstân fan 192 bêden.
"Oplossing"
Nettsjinsteande de hege druk en al besette bêden seit it kolleezje fan boargemaster en wethâlders in oplossing te hawwen. Sa krijt de opfang yn De Friesland der fan woansdei ôf bêden by. Op de ûnderste ferdjipping is der de kommende moanne plak foar 50 ekstra bêden.
Dêrnei wurde flechtlingen ûnderbrocht yn Hotel 't Anker. Dizze groep kin dêr oant jannewaris bliuwe. As alles goed ferrint, ferhuzet de groep dêrnei nei in nije lokaasje yn it Spoardokgebiet. Hjir wol de gemeente 192 units pleatse, dy't fan desimber ôf bewenber binne.
Sjalets
Ek wol de gemeente mear wenningen op camping De Wetterpôlle. Dêr wurde no sa'n 130 Oekraynske flechtlingen yn 28 sjalets opfongen, mar it kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol der 20 sjalets by.
Hjirtroch kinne der 100 flechtlingen ekstra opfongen wurde. As it oan it kolleezje leit, binne dizze nije sjalets healweis novimber klear foar gebrûk.
Mei al dizze maatregels leit Ljouwert yn febrewaris op skema, seit wethâlder Nathalie Kramers. "Maar we blijven afhankelijk van de vluchtelingenstroom uit Oekraïne. Soms is het rustiger en soms gaat het weer omhoog. Het Rijk voorziet dat we voorbereid moeten zijn op die schep erbovenop."