Gjin Fryslân yn troanrede, 'te min omtinken foar de regio'

© ANP
De Fryske deputearren hearden tiisdei mar kwealik ambysje yn de troanrede fan kening Willem-Alexander. Fryslân kaam dit jier net spesifyk yn de troanrede foar. Guon politisy fernuverje har ek oer it ûntbrekken fan de regio yn de troanrede.
"Spitigernôch moatte we tajaan dat dêr net in soad fan werom te hearren wie", neffens deputearre Femke Wiersma. "Dat wylst der yn de oanrin wol omtinken foar frege waard, benammen ek troch de regio sels, dus dat is wol hiel teloarstellend."
It kolleezje fan Fryslân fynt it spitich dat de provinsje net spesifyk beneamd waard © Omrop Fryslân
Lanlike politisy wienen wat mylder oer it ûntbrekken fan de regio yn de troanrede. Sa sei it Fryske Twadde Keamerlid Romke de Jong fan D66: "Ik hearde wol in hiel soad hoop en ik hearde ek in hiel soad moaie punten dy't de kening beneamt foar it hiele lân, wêrûnder Fryslân."

'Ferhaal foar hiel Nederlân'

Fraksjefoarsitter Sophie Hermans (VVD) hie soartgelikense wurden. "Het is misschien niet met die woorden genoemd, maar wat ik de koning hoorde vertellen, is een verhaal voor heel Nederland. Of je nu in Den Haag woont, of in Fryslân."
Fryslân waard net neamd yn de troanrede
Henri Bontebal (CDA) is kritysker: "Het verhaal over de regio zat er niet goed in, dus daar zal ik in mijn inbreng voor de algemene politieke beschouwingen natuurlijk wel aandacht voor vragen, want dat moeten we niet vergeten."

Perspektyf foar boeren

De troanrede gie lykwols wol oer jonge boeren. Minister Piet Adema wol harren stypje yn it oernimmen en duorsumer meitsje fan harren bedriuw. "Wy binne wiis mei de taseine stipe foar biologyske boeren en jonge boeren, mar it leafst sjogge wy dat alle boeren stipe krije", seit deputearre Wiersma.
D66'er De Jong is bliid dat der perspektyf is foar de lânbou. "De kringloop- en biologyske lânbou fertsjinje stipe.. As ik sjoch wat foar rol de boeren spylje yn in doarp, dan tink ik dat it goed is dat de kening dit beneamt."
Deputearren Sijbe Knol en Matthijs de Vries © Omrop Fryslân
Chris Stoffer fan de SGP, yn Fryslân ûnder mear bekend fan de formaasje fan it hjoeddeistige kolleezje fan Deputearre Steaten, is ek posityf. "Goed dat je probeert perspectief te bieden voor boeren die innovatieve dingen willen doen."
Perspektyf foar de boeren
In grutte soarch op dit stuit is de berikberens, it iepenbier ferfier. "Betaal je kaartje voor de bus maar eens, als die al rijdt", seit ChristenUnie-lieder Mirjam Bikker yn reaksje op de troanrede.
"Het regionale openbaar vervoer staat stevig onder druk. Het is heel hard nodig dat daar structureel geld bij komt." As foarbyld neamt Bikker de situaasje yn Sint Anne. "Daar rijdt na zes uur geen bus meer. Dat betekent heel veel als je op ziekenhuisbezoek wilt in Leeuwarden. Daar moeten we werk van maken."
Soargen oer de berikberheid yn Fryslân
Bontebal begrypt de soargen oer it iepenbier ferfier ek. "In de coronacrisis is het aantal passagiers sterk teruggelopen. Het kabinet heeft daar dit jaar een voorziening voor getroffen om dat te compenseren. Die voorziening lijkt niet door te lopen. Wij roepen op om het gat te dichten, want het kan niet waar zijn dat in de regio de bus verdwijnt."

Miljoenenota

Tiisdeitemiddei waard troch minister Kaag fan Finânsjes ek de miljoenenota presentearre. It demisjonêre kabinet lûkt twa miljard euro út om de keapkrêft fan 'kwetsbere húshâldingen' te ferbetterjen.
It grutste part fan it jild giet nei de ferheging fan it 'kindgebonden budget'. Fierder sil de hiertaslach ferhege wurde mei maksimaal 416 euro yn it jier en wurdt de arbeidskoarting 115 euro heger.