HEA! Chris Greaves Lord; in Ingelskman yn Boyl

HEA! In Ingelskman yn Boyl
Chris Greaves Lord is 82 jier, berne yn Ingelân en hy wennet sûnt 1986 yn Fryslân. Hy is noch behoarlik aktyf en hat in twaddehânswinkel oan en yn hûs.
Hy docht it echt foar de hobby en it smyt net in soad op. Hy keapet syn guod yn oare twaddehânswinkels en op rommelmerken en hy krijt ek wol ris wat.
Yn syn jonge jierren hat hy ek strjitmuzikant west en hy hat oeral op de wrâld in soad optreden. Noch altyd is hy grut muzykleafhawwer en hy hat sa'n 600 snaarynstruminten hân. Sa no en dan sjongt hy ek noch graach in stikje.