Sûkerbôle en dúmkes op Prinsjesdei: Noarden wol dat moaie wurden fersulvere wurde

Politisy fan Fryslân, Drinte en Grinslân ha fan 'e moarn op Prinsjesdei byinoar sitten foar in moarnsbrochje, organisearre troch de provinsje Fryslân. By de gearkomste waard ekstra omtinken frege foar útdagingen yn it Noarden.
In Frysk moarnsbrochje is net kompleet sûnder sûkerbôle. Dus fansels lei dat ek op tafel yn it Escherpaleis, op de Lange Voorhout yn Den Haag. Dêrnjonken dielden kommissaris fan de Kening Arno Brok en deputearre Eke Folkerts ek nochris Fryske dúmkes út as relaasjegeskink.
"It moarnsbrochje op Prinsjesdei is sa njonkenlytsen ek al in tradysje", seit polityk ferslachjouwer Onno Falkena. "It is bedoeld foar alle Keamerleden en kolleezjes fan Deputearre Steaten út Fryslân, Grinslân en Drinte."
In diel fan de Fryske delegaasje kaam juster mei fertraging oan, omdat it spoar by Meppel der wer ris út lei.
It kabinet en hast alle politike partijen sizze de regio's bûten de Rânestêd hiel wichtich te finen. "It giet der no om dat dy moaie wurden ek fersulvere wurde en dat der mear ynvestearre wurdt yn bygelyks better iepenbier ferfier yn Fryslân, Grinslân en Drinte", seit Falkena.
Juster die iroanysk genôch op 'e nij bliken hoe aktueel oft dat tema is: "In diel fan de Fryske delegaasje kaam juster mei fertraging oan, omdat it spoar by Meppel der wer ris út lei. Dat bart gemiddeld alle wiken wol in kear."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok wol dat de partijen nei de ferkiezings dy belofte ek wiermeitsje: "Ik hoopje dat it stik fan 'eltse regio telt' yntegraal weromkomt yn it koälysje-akkoart. Wy moatte dan ek achter de komma konkreet krije wat dat betsjut."
Neffens Brok moatte de dingen dy't wichtich binne foar Fryslân op in lykweardige wize ynkleure wurde: "Tink bygelyks oan de berikberheid: net al it jild moat nei de Rânestêd gean, mar ek nei Fryslân en Noard-Nederlân ta. Datselde jildt foar Limboarch en Seelân. Eltse provinsje moat op in goeie wize berikber wêze."
Arno Brok: "Wy kinne it bêste sels útmeitsje wat wy dwaan wolle"
It wurdt in spannende Prinsjesdei, seit polityk ferslachjouwer Onno Falkena: "It hat eins noch noait sa iepen west as no. It is hjoed de alderlêste troanrede fan premier Mark Rutte."
Muoite om rûn te kommen
"Wy hawwe te krijen mei in hiele rige oan nije listlûkers, dy't har graach profilearje wolle. Dat sil dúdlik te fernimmen wêze by de Algemiene Beskôgingen fan de kommende dagen."
Der is lykas altyd wer in soad útlekt fan de begrutting: "In wichtich tema is besteanswissens. Hoe moat in trochsneed Nederlanner ekonomysk troch de tiid komme? De kosten fan wenjen, boadskipjen, benzine ensafuorthinne binne bot omheech gien. In soad minsken hawwe nettsjinsteande de ekonomyske groei muoite om rûn te kommen."

"Minister Kaag wol dêr wat oan dwaan, troch bygelyks it ferheegjen fan de taslaggen. Dat foarstel ropt fragen op. Mei taslaggen giet it wolris mis, en dan sis ik dat foarsichtich. Je kinne je ôffreegje oft alle minsken mei jildpine sa berikt wurde."
Iepener en ûnôfhinkliker
It kabinet foel earder dizze simmer, dus partijen stelle har folle iepener en ûnôfhinkliker op. "Sa komt bygelyks de VVD yn opstân tsjin de hegere aksijns op benzine en disel en tsjinnet de ChristenUnie mei GrienLinks-PvdA in plan yn om it iepenbier ferfier folle goedkeaper te meitsjen."
It is de earste Prinsjesdei foar deputearre Sijbe Knol en CDA-Keamerlid Eline Vedder
Foar de deputearren kin it dreech wêze om saken te dwaan mei in demisjonêr kabinet, mar FNP-deputearre Sijbe Knol hat dêr wol betrouwen yn: "Ik haw juster op besite west by minister Rob Jetten fan Enerzjy en Klimaat. Dan sjogge je dat der ek bestjoerders sitte dy't noch wol wat klear krije wolle de kommende tiid."
"Dêr gie it bygelyks oer wetterwaarmte, dan sjogge je dat se foardat se klear binne mei it ministerskip, noch wat saken ôfmeitsje wolle. Dêr sit foar ús ek wol in kâns yn."
Knol sil de begrutting dan ek kritysk besjen: "Benammen as it giet om de sosjale wissichheid foar minsken. Der binne in hiel soad minsken dy't dreech troch de tiid komme op it stuit. Dy groep wurdt hieltyd grutter yn it lân, dêr haw ik wol soargen oer."
Om 13.15 oere sil kening Willem-Alexander úteinsette mei de Troanrede. Om 15.15 jout de provinsje Fryslân in earste reaksje op de begrutting fan it kabinet.