Tweintich jier wurk: sa waard it Planetarium in Wrâlderfgoed

It wie in kwestje fan 'e lange azem. Al mei al hat it tweintich jier duorre foar't it Eise Eisinga Planetarium echt UNESCO Wrâlderfgoed waard. Jier op jier kaam de status in stapke tichterby.
It wie in proses mei hoarten en stjitten, dêr't it Planetarium mei hert en siel oan wurke hat. Adrie Warmenhoven is sûnt april 2001 direkteur yn Frjentsjer. Under syn bewâld ûntstie it idee om it Planetarium foar te dragen as Wrâlderfgoed.
Alle jierren seach de direkteur de besikersoantallen tanimmen. Om 2003 hinne krige it museum noch sa'n 36.000 gasten it jier, yntusken mei it museum goed 64.000 besikers it jier wolkom hjitte.

2003, it earste idee
Tweintich jier lyn ûntstiet by it bestjoer it idee fan in Wrâlderfgoedstatus foar it Planetarium. It idee begjint yn in oriïntearjende faze. In konkreet plan leit der noch lang net, mar yn de jierren dernei begjint it hieltyd mear te brobbeljen.

2006, maaie
It Planetarium wurdt Keninklik. Kommissaris fan de Keningin Ed Nijpels makket op in sympoasium foar it 225-jierrich bestean bekend dat it Planetarium dat predikaat fiere mei. It bliuwt net by dy erkenning: yn oktober wurdt Eisinga opnaam yn de 'Canon van Nederland' en twa jier letter yn de 'Fryske Kanon'.

2007, july
De njonkenlizzende kofje- en teeskinkerij De Tuinkamer is troch it Planetarium oankocht en opknapt. It pân, dêr't yn it ferline in kofjestokerij wie, kin no ek foar it museum brûkt wurde. Besikers binne dêr tenei wolkom foar in bakje kofje of tee, wêrtroch't it museum mear romte krijt foar de útstalling.

2010, septimber
It idee is konkreet wurden. De provinsje Fryslân leveret it Eise Eisinga Planetarium mei de alve stêden en de Ofslútdyk oan as opsjes foar de foardrachten fan Nederlân foar de Voorlopige Lijst Werelderfgoed. Yn totaal wurde der 47 Nederlânske oanfragen yntsjinne.
2010, novimber
It Planetarium komt offisjeel op de list mei Nederlânske kânshawwers foar in Wrâlderfgoedstatus. In kommisje ûnder foarsitter Joan Leemhuis-Stout jout dat advys. De Ofslútdyk en de alve stêden binne ôffallen, mar it Planetarium krijt wol stipe. Neffens it rapport is de autentisiteit tige goed bewarre bleaun.

2011, april
Steatssekretaris Halbe Zijlstra fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip nimt de oanbefelling fan de kommisje-Leemhuis-Stout offisjeel oer. Dêrmei hat it plan ek offisjeel stipe fan it regear.

2013, jannewaris
It startskot klinkt foar in gearwurking mei de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed (RCE). Direkteur Warmenhoven fan it Planetarium tekenet dêr in útfieringsoerienkomst foar. Dêrby stipet de RCE it Planetarium mei 15.000 euro foar de útwreiding mei in edukative romte. It is ûnderdiel fan de tariedingen foar in Wrâlderfgoednominaasje.
2014, july
Troch meardere wittenskippers wurdt der ûndersyk dien om it Planetarium hinne. Want om oan de easken fan in nominaasje te foldwaan, moat de eventuele status ek in wittenskiplike basis hawwe. It stribjen is om yn 2018 op de nominaasjelist te kommen, om't dat moai gearfalle sil mei Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

2014, novimber
Der ûntsteane serieuze plannen foar útwreiding fan it museum. It plan is om it pân neist de kofje- en teeskinkerij te keapjen, dêr't in bakkerij yn siet. Sa kin it museum mear romte krije om bygelyks hoareka ûnder te bringen.
2015, maaie
In teloarstelling foar it Planetarium: it komt net earder as yn 2021 yn oanmerking foar de Wrâlderfgoedstatus. Dat makket minister Jet Bussemaker fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip bekend. Saakkundigen hawwe de oanfraach yn opdracht fan de RCE ûndersocht, mar it moat better ûnderboud wurde. Der is mear tiid nedich om de wearde oan te toanen.

2016, maaie
It is mei stipe fan de provinsje, de gemeente Frjentsjerteradiel en sponsoaren slagge om it neistlizzende gebou oan te keapjen, te ferbouwen en by it Planetarium te lûken. It fernijde Planetarium wurdt feestlik iepene.

2017, novimber
It Eise Eisinga Planetarium wurdt ferkeazen as 'It Moaiste fan Fryslân'. Nei in seleksje troch in sjuery koene Friezen op it moaiste plak yn de provinsje stimme. Mei hast 20 persint fan de stimmen wint it Planetarium fan de Wetterpoarte yn Snits en de Noarderhaven fan Harns.

2018, novimber
It Planetarium hâldt in publykssympoasium, ûnder oare fanwegen it feit dat Eise Eisinga 250 jier lyn yn Frjentsjer te wenjen kaam. Pommeranten lykas direkteur Taco Dibbits fan it Rijksmuseum komme nei Frjentsjer ta. Yn 2016 en 2019 komt ek de keninklike famylje op besite.

2018, desimber
It regear stiet efter de foardracht fan it Planetarium by UNESCO, minister Ingrid van Engelshoven nimt dat advys oer. Eltse lidsteat kin alle jierren in foardracht dwaan. Foar febrewaris 2022 moatte de offisjele stikken by UNESCO yntsjinne wêze. Dêrnei krijt in UNESCO-adviseur oardel jier de tiid om it te bestudearjen en in advys te jaan.
2019, jannewaris
In groep fan sa'n fyftjin histoarisy en wittenskippers is yn Fryslân om it ûndersyk nei Eisinga en it Planetarium foar de nominaasje te bepraten. Dêr binne ek wittenskippers út it bûtenlân by. Dat is fan belang, want in nominaasje hat draachflak yn de ynternasjonale wittenskip nedich.

2019, novimber
De provinsje Fryslân, gemeente Waadhoeke en de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed stekke elts 50.000 euro yn de foardracht en it opstellen fan it nominaasjedossier. Dêryn moat ûnderboud wurde hoe unyk oft it Planetarium is, mar ek hoe't it komt mei behear, ûnderhâld en edukaasje.
2021, oktober
Arjen Dijkstra (letter direkteur fan Tresoar) presintearret syn biografy oer Eise Eisinga: De Hemelbouwer. It pleatst Eisinga yn de kontekst fan syn tiid en lit ek sjen dat hy gjin autodidakt wie. It earste eksimplaar oerlanget Dijkstra oan Nobelpriiswinner Ben Feringa.

2021, desimber
De ministerried nimt formeel it beslút dat it kabinet it Planetarium foardraacht as Wrâlderfgoed. In ynskriuwing op de UNESCO-list soe in wrâldwide erkenning fan de wearde fan it Planetarium wêze, fynt minister Van Engelshoven.
2022, jannewaris
UNESCO-direkteur Lazare Eloundou nimt it Wrâlderfgoeddossier fan it Planetarium yn ûntfangst. Direkteur Warmenhoven, boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke, koördinator Wrâlderfgoed Cees van Rooijen (RCE) en fertsjintwurdiger Hans Wesseling fan de Nederlânske steat binne dêrfoar nei Parys ôfreizge.

2023, juny
It Planetarium iepenet nei in yngreven werynrjochting. Der is in rûte troch it museum makke dy't it ferhaal fertelt fan it libben fan Eise Eisinga, mar ek dat fan it sinnestelsel en de wittenskip. It Planetarium hat mei Josse Pietersma yntusken in nije konservator.
2023, july
ICOMOS (The International Council on Monuments and Sites) jout in posityf advys foar de Wrâlderfgoedstatus fan it Planetarium. It ICOMOS is in ynternasjonale, non-gûvernemintele organisaasje dy't it liedende advysorgaan is foar UNESCO Wrâlderfgoed. Yn it rapport stiet dat it Planetarium fan 'útsûnderlike universele wearde' is.
Foar direkteur Warmenhoven fielt it as in beleanning foar al it wurk dat al sûnt 2003 ferset is. It is ek in befêstiging dat it Planetarium yndie sa bysûnder is.
2023, septimber
De flagge kin út yn Frjentsjer. Op de gearkomste fan it Wrâlderfgoedkomitee yn Riyad (Saûdy-Arabië) is bekend wurden dat it Eise Eisinga Planetarium definityf UNESCO Wrâlderfgoed wurdt.