Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer útroppen ta UNESCO Wrâlderfgoed

© Omrop Fryslân
It Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer is tenei UNESCO Wrâlderfgoed. Dat beslút is fallen op de gearkomste fan it Wrâlderfgoedkomitee yn Riyad (Saûdy-Arabië).
"Ik vind het echt ongelooflijk", seit in grutske en emosjonele Adrie Warmenhoven, de direkteur fan it Planetarium. "Ik dacht dat ik er vrij rustig inzat, maar toen ik de UNESCO-gemeenschap hoorde over 'dat pareltje in Fryslân', dan word ik toch emotioneel."
"We zijn heel trots op het Planetarium, daar staan we voor. Het is mooi om te merken dat mensen van buitenaf in dezelfde warmte erover spreken. Dat raakte me echt wel."
It momint wêrop't bekend wurdt dat it Planetarium tenei UNESCO Wrâlderfgoed is
"We hebben twintig jaar met een heel betrokken nominatieteam gewerkt. Als dat dan zo tot uiting komt, houd je die emotie toch niet tegen."
Warmenhoven fynt it ek moai foar Eisinga. "Hij zou ook heel trots geweest zijn. Hij heeft echt zijn best gedaan, ook om het in stand te houden. Hij heeft een instructieboek voor zijn kinderen geschreven, ervoor gezorgd dat het goed in stand kon blijven. Wat mooi dat het met deze bekrachtiging dat behoud en beheer voor de toekomst verzekerd is."
Direkteur Adrie Warmenhoven yn it Planetarium © Eise Eisinga Planetarium
De nije status betsjut neffens Warmenhoven ek dat folle mear minsken oer de wrâld it Planetarium aanst kenne. "Er wordt op zo'n platform met 195 landen lovend over het Planetarium gesproken. Dit gaat de wereld over. We zijn er klaar voor, we hebben al geoefend met tijdsloten in coronatijd. Mensen blijven van harte welkom, al zullen ze wel een kaartje moeten reserveren."
De reaksje fan Planetarium-direkteur Adrie Warmenhoven op it ferkrijen fan de UNESCO-status
"We binne tige gelokkich mei it beslút om it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer ta te heakjen oan de wrâlderfgoedlist", sei boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke by it UNESCO-kongres.
"It idee waard berne yn 2003. En no, yn 2023, fiere we dizze geweldige mylpeal yn de skiednis fan it Planetarium. We binne no ûnderdiel fan de wrâldwide UNESCO wrâlderfgoedfamylje. We binne grutsk en fiele in grutte ferantwurdlikheid om dit unike plak te beskermjen en te bewarjen."
Se sleat of mei in boadskip yn it Frysk: "Bêste minsken, dizze boppeslach is uzes. Moarn begjint it feest yn Frjentsjer, moaier kin it net wurde."

Aldst wurkjende planetarium

It Planetarium yn Frjentsjer is it âldste wurkjende planetarium yn 'e wrâld. It yn de 18e iuw boude skaalmodel jout in aktueel byld fan de posysjes fan de sinne, moanne, ierde en de fiif oare planeten dy't yndertiid bekend wiene.
Om it stjerrestelsel yn beweging te krijen, is in yngenieus meganyk makke. It wurdt oandreaun troch ien slingeroerwurk, dat ynboud is yn it plafond en boppe in bedstee. Om it Planetarium hinne ûntstie yn de rin fan de jierren in wittenskipsmuseum.

Prestizjeuze erkenning

De stichting efter it Planetarium is al sûnt 2003 yn 't spier om it op de prestizjeuze UNESCO-Wrâlderfgoedlist te krijen. De pleatsing betsjut dat it Planetarium fan in útsûnderlike, universele wearde is. It is in wrâldwide erkenning.
It stjerrestelsel op skaal © ANP
Yn july joech it ICOMOS (International Council on Monuments and Sites) al grien ljocht foar de takenning. Dizze saakkundige organisaasje jout advys oan UNESCO. Fanwegen it positive advys wie der al goede hoop op in Wrâlderfgoedstatus.
Foar direkteur Adrie Warmenhoven fielde it advys al as in beleanning foar al it wurk dat yn tweintich jier ferset is. Boppedat wie it in befêstiging dat it Planetarium yndie sa bysûnder is as dat hy al wist.
In ôffurdiging fan it Planetarium en de Nederlânske UNESCO-kommisje is ôfreizge nei Saûdy-Arabië, dêr't de gearkomste fan it UNESCO-komitee is. Yn it komitee sitte 21 lannen, dy't om beurten fjouwer jier lid binne. Sy beslisse oer wat der op de list komt.
It rêdwurk dat de boel yn beweging hâldt © Omrop Fryslân
It komitee hie ferline jier gjin gearkomste, om't dy yn 't earstoan pland wie yn Ruslân. Mar fanwegen de Russyske ynfal yn Oekraïne gie dêr in streek troch. Dêrom hat UNESCO dit jier in drokke aginda.

Neist tolve oare UNESCO-lokaasjes

Mei it Planetarium derby telt it Nederlânske Keninkryk yn totaal trettjin Wrâlderfgoedlokaasjes. It Planetarium mei him no mjitte mei de mûnen van Kinderdijk, de Amsterdamske grêftegurdle en de Hollânske Wetterlinys.
Fryslân hat trije UNESCO-lokaasjes dy't (al is it foar in part) yn de provinsje lizze: de Waadsee, it Woudagemaal op De Lemmer en de Koloniën van Weldadigheid (mei de Oostvierdeparten by Noardwâlde).
De klokgevel fan it Planetarium yn Frjentsjer © Omrop Fryslân
It Planetarium is tusken 1774 en 1781 makke troch wolkjimmer en sakeman Eise Eisinga (1744-1828). De oanlieding foar de bou fan it model wie in bysûnder gearkommen fan fjouwer planeten en de moanne yn de maitiid fan 1774. Guon foarseine dat de ierde wolris út syn baan reitsje koe en dêrtroch ferbaarne soe.
Om sjen te litten dat planeten net botse kinne, besleat Eisinga in skaalmodel te bouwen. Hy lei in hiel rêdwurk oan en yn de wenkeamer kamen bollen oan it plafond te hingjen dy't de planeten foarstelle. Hy tocht der in healjier oer te dwaan, mar wie úteinlik sân jier dwaande mei de bou.
De bekende Planetariumkeamer © Omrop Fryslân
Yn Eisinga syn tiid wie it Planetarium al in fenomeen. Yn 1818 kaam de doetiidske kening Willem I op besite, dy't it Planetarium yn 1825 oankocht foar de Nederlânske steat. Yn 1859 joech de steat it wer oan de stêd Frjentsjer, dy't it úteinlik iepenstelde as museum.
Eise Eisinga (1744 Dronryp - 1828 Frjentsjer) © Wikimedia Commons
It Planetarium waard yn 1967 Ryksmonumint, krige yn 2006 it predikaat Keninklik en is opnaam yn de kanon fan Nederlân en Fryslân. It museum wreide yn de rin fan de jierren ferskate kearen út. Yntusken mei it museum goed 64.000 besikers it jier wolkom hjitte.