Natuerferskynsel noarderljocht wie te sjen boppe Fryslân

It noarderljocht boppe de Ofslútdyk fannacht © Wouter van Bernebeek
Op ferskate plakken yn it noarden fan Nederlân wie justerjûn it noarderljocht te sjen. Dat wie ûnder oare sa yn Zweins en boppe de Ofslútdyk.
Op X (earder Twitter) ha minsken bylden dield, bygelyks @karindtp fanút Zweins en Wouter van Bernebeek op de Ofslútdyk:
Yn oare plakken fan Nederlân wie der te folle bewolking of te folle ljocht om it poalljocht sjen te kinnen.
It noarderljocht wie earder dit jier ek al te sjen. Doe kamen der ûnder oare foto's fan pearse en rôze pylders fan Skylge.
It noarderljocht ûntstiet trochdat elektrysk laden dieltsjes as gefolch fan in sinnestoarm it hielal yn slingere binne. Heech yn 'e atmosfear om 'e ierde hinne botse dizze elektrysk laden dieltsjes mei dieltsjes soerstof en stikstof. Sa ûntstean de kleuren yn de loft dy't bekend stean as noarderljocht of poalljocht.