Big Bazar ûntrint opnij fallisemint, mei tank oan ynjeksje fan 2 miljoen

De fêstiging fan Big Bazar yn Easterwâlde © ANP
Winkelketen Big Bazar ûntrint opnij in fallisemint. Twa skuldeaskers ha in fersyk by de rjochter yntsjinne om in saakkundige oanstelle te litten, dy't besjen moat hoe't de finansjele problemen by it bedriuw oplost wurde kinne.
Dêrby wize se der ek op dat Big Bazar in jildynjeksje fan 2 miljoen euro binnenhelle hat, stiet yn it saneamde fersykskrift dat troch parseburo ANP ynsjoen is. Mei dy miljoenen soe it bedriuw fan ûndernimmer Jerke Kooistra út Damwâld oan syn rinnende ferplichtingen foldwaan kinne.
Troch it fersyk yn Ljouwert wurde rinnende fallisemintsoanfragen automatysk op pauze set. Mocht de rjochter dizze kear wol ynstimme mei it oanstellen fan in saakkundige yn it werstrukturearjen (earder ferkocht de rjochter twa kear 'nee'), dan komt der automatysk in ôfkuollingsperioade wêryn't oanfragen fan in fallisemint yn de wachtstân geane.
Tsjin Big Bazar rinne yn totaal tsientallen oanfragen fan in fallisemint. It bedriuw hie de ôfrûne moannen ûnder oare te krijen mei grutte hierachterstannen. Guon winkels binne dêrom ticht. Yn Fryslân hat it bedriuw fiif fêstigingen: Ljouwert, Drachten, Boalsert, Snits en Easterwâlde.

Ferlies en skulden

Direkteur Kooistra seit dat de finansjele problemen it gefolch binne fan de sterk tanommen enerzjyprizen, hierferhegingen en de delgeande útjeften fan in soad klanten as gefolch fan de ynflaasje.
Tusken 2020 en 2022 makke it bedriuw alle jierren tusken de 13 en de 17 miljoen euro ferlies, al foel dat ek foar in part yn de coronakrisis.
Yntusken soe de skuld tsientallen miljoenen euro's wêze. By leveransiers en ferhierders soe it al sa'n 30 miljoen euro wêze en by de Belestingtsjinst hast 10 miljoen euro.