Liveblog
|
19 septimber
112-nijs 19 septimber: Earste hjerststoarm fan it jier op Flylân | Koade giel yn Waadgebiet
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 19 septimber, 21:25
21:25
Foarstelling yn Akkrum giet net troch fanwegen minne waarsferwachting
De foarstelling fan De Heksen fan it Akkrumer Dreamteäter giet kommende tongersdei net troch. Fanwegen de minne waarsferwachting, mar ek troch technyske tsjinslaggen, is besletten de foarstelling út te stellen.
It iepenloftspul wurdt ynhelle op tiisdei 26 septimber. Minsken dy't foar kommende tongersdei in kaart hiene, kinne dy nije wike gewoan brûke.
Fandalisme
Inkelde dagen lyn waard it dekôr yn Akkrum noch bespuite mei fervebussen. Dêrfan hat de organisaasje oanjefte dien.

16:47
Earste hjerststoarm fan it jier op Flylân
Op Flylân is sprake fan de earste hjerststoarm fan it jier. Tusken 15.00 en 16.00 oere waard der in trochsneed wynfaasje metten fan krêft 9. Fan in stoarm is sprake as de trochsneed wynkrêft oer in hiel oere útkomt op wynkrêft 9.
De stoarm fan hjoed is de tredde stoarm fan it jier. Op 13 maart en op 5 july wienen de oare twa, dy lêste wie simmerstoarm Poly. De earste hjerststoarm is dit jier frij betiid: gewoanwei is dy der heal oktober. De ôfrûne twa jier hat der hielendal gjin hjerststoarm west.
15:05
Ferwûne by bedriuwsûngelok Appelskea
By in bedriuwsûngelok oan de Industrieweg yn Appelskea is tiisdeitemiddei in persoan ferwûne rekke. Meardere ambulânsen, de plysje en in traumahelikopter waarden oproppen om help te ferlienen.
It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs. Wat der krekt bard is, is net bekend. It ynsidint wie yn in garaazjebedriuw.

14:40
Provinsjale brêgen net betsjinne
Yn ferbân mei de hurde wyn wurde de provinsjale brêgen yn Fryslân op dit stuit net betsjinne. Oant wannear dit duorret, is noch net bekend
06:32
Koade giel op Waadeilannen
Der is hjoed wer kâns op swiere wynstjitten yn it Waadgebiet. Dêrfoar warskôget it KNMI. De wynstjitten kinne in snelheid fan 75 oant 90 kilometer yn 'e oere berikke.
De KNMI jout foar de Waadeilannen dêrom koade giel ôf, dy't yn earste ynstânsje jildt fan 13.00 oant 22.00 oere. Foar it Fryske fêstelân jildt gjin warskôging.
Ek boppe Iselmar hurde wyn
"Der stiet no noch in stevige súdwestewyn", seit waarfrou Tjitske Wiebenga fan Omrop Fryslân. "Op dit stuit noch wynkrêft 2 oant 5 boppe lân, boppe de Waadeilannen no krêft 6. Yn it begjin lûkt de wyn stevich oan: dan boppe lân krêft 5 oant 6, boppe de Waadsee en Iselmar mooglik wynkrêft 8."
"Dy hurde wyn bliuwt stean oant healwei de jûntiid, dan nimt it stadichoan ôf. Al sil it dêrnei ek noch hurd waaie."