It aai fan Kolumbus? Nije bestridingsmetoade foar reuze readskonk

In primeur by it Poptaslot yn Marsum. Foar de earste kear wurdt yn Fryslân gebrûk makke fan in nije befriezingsmetoade om de hast net út te rûgjen reuze readskonk te bestriden.
Mei meardere befriespeallen yn de grûn wurdt it hiele woartelstelsel fan de eksoat beferzen. De plant kin dêr net oer en sa stjert it ôf. Jan Kuppens, túnbaas fan it Poptaslot is nau behelle by de útfiering. "Mei dizze befriespeallen wurdt de waarmte oan de grûn ûntlutsen, wêrtroch't de grûn befriest."
Gewoanwei duorret dit proses sa'n sân oant acht dagen. Op de lêste dei moat de temperatuer de hiele dei -5 graden wêze en dan binne de woartels dea.
Ferskate metoades
It is net de earste metoade wêrmei't besocht wurdt de eksoat út te rûgjen. By de oare besteande metoades wurdt gebrûk makke fan elektrisiteit, waarmte, bestridingsmiddels, ôfdekseil of sels bargen.
"We wienen al jierren dwaande mei it oplossen fan it probleem. Mar yn myn eagen wie der noch net in befredigjende metoade", seit Kuppens. "Mar dizze metoade liket wol goed te wurkjen."
Mei kjeld de reuze readskonk te liif
De reuze readskonk is neffens Kuppens in agressive soart. Hy kin oeral trochhinne groeie: fan fundearrings oant asfalt. "It wie hjir nea in probleem om't it earder noch wol aardich frear, yn de alvestêdewinters fan 1985 en 1986 bygelyks. Doe wie it noch wol yn 'e stringen te hâlden."
No't der hast gjin swiere winters mear binne, waakst er mar troch. Mei dizze nije metoade tinkt Kuppens dêr in oplossing foar fûn te hawwen. "Twa jier lyn binne we hjirmei begûn en de metoade blykt wetterticht te wêzen."

De metoade is by ûngelok ûntdutsen, fertelt Kuppens. "De betinker seach in plakje dêr't de plant minder goed groeide en dêr wie it kâld. Doe hat er twa stekjes ûndersocht: ien hat er yn de keamer set en de oare yn de friezer. Dy yn de friezer wie letter hielendal ferrotte en dea en dus tocht er: dit is it!"
Yn gearwurking mei de Universiteit fan Wageningen is der doe in grutte masine boud. Nei in test die bliken dat de beferzen reuze readskonk echt dea wie.
"De Alvestêdetocht soe in folle goedkeapere opsje wêze"
Yn Marsum binne se noch in pear wiken dwaande om de hast net út te rûgjen plant fuort te heljen. Kuppens hopet dat de metoade suksesfol is "It kostet genôch, sa'n 350 euro de kante meter. Der rôp ek ien dat de Alvestêdetocht in folle goedkeapere oplossing wêze soe, dat is ek sa. Mar dat hawwe wy net yn 'e macht en dit wol."

In wichtich bykommend aspekt is de túnmuorre om it slot hinne. De woartels fan de reuze readskonk rinne ek ûnder de muorre troch, mar it is ûnbekend wat it befriezen fan de grûn docht mei de túnmuorre.
Oant no ta liket it goed te gean, sa seit Kuppens: "Der binne noch gjin skuorren sichtber. Dat komt ek trochdat der allerhanne befeiligingssystemen op de muorre sitte en dat wurdt goed yn de gaten hâlden."
"Sadree't it alaarm op de muorre in bepaalde wearde mjit, moatte we gelyk reagearje, dit bliuwt wol even spannend." Binnen fiif oant seis wiken kinne de belutsen partijen konklúzjes lûke. Mocht it slagge wêze, dan moat de grûn stadichoan wer grien wurde, mar dan sûnder de reuze readskonk.