Knoop trochhakke oer De Skâns op De Gordyk: ried stimt unanym foar nijbou by skoalle

Nei desennia fan diskusjearjen is der lang om let in beslút naam oer De Skâns op De Gordyk. De gemeenteried fan Opsterlân stimde moandeitejûn unanym yn mei ferhuzing fan it kultureel sintrum nei de nije lokaasje by de Boargemaster Harmsma Skoalle.
Wol mei de betingst dat it nije gebou in gruttere seal krijt as foarsteld wie troch boargemaster en wethâlders. It kolleezje fûn 345 sitplakken wol genôch en basearre har dêrby op it útfierde helberheidsûndersyk.
De hiele ried stimde lykwols yn mei in amendemint fan Opsterlands Belang, VVD, CDA en de PvdA foar in seal mei 420 oant 450 sitplakken.

It besteande gebou fan De Skâns hat 483 plakken. It is lykwols ferâldere en fertutearze, sadat nijbou needsaaklik is. Direkteur Atty Ekema fan De Skâns pleite al foar mear sitplakken yn de nijbou.
Ferhuzing goedkeaper
De nije Skâns wurdt ûnderdiel fan de nijbou fan de Boargemaster Harmsma Skoalle. Mei dizze ferhuzing is de gemeente goedkeaper út, want dy is begrutte op 6,6 miljoen euro. Nijbou op de besteande lokaasje soe yn alle gefallen 12,7 miljoen euro kostje.