Fúzje sikehuzen MCL en Tjongerschans jier útsteld

De fúzje tusken de sikehuzen MCL yn Ljouwert en Tjongerschans op It Hearrenfean wurdt mei in jier útsteld. De planning fan 1 jannewaris takom jier is te ambysjeus, stelle de beide sikehûsdireksjes.
Ferline jier waard it fúzjeplan bekendmakke. De fúzje is nedich om takomstbestindich te wêzen, waard doe sein.
It útstel fan no hat neat te krijen mei de plannen om Tjongerschans en it Snitser Antonius te sluten en op De Jouwer in nij sikehûs te bouwen. Neffens in ferklearring fan sikehûs MCL is it útstel fan no fanwegen soarchfâldigens.
Yn in ferklearring stiet: "We kiezen voor het aanpassen van tijdlijnen omdat we het belangrijk vinden te luisteren naar signalen en de tijd willen nemen voor een zorgvuldig proces."
Pasjintedossiers
Sa rinne der noch in oantal ûndersiken. It giet dan ûnder oare om de elektroanyske pasjintedossiers. Beide sikehuzen brûke dêrfoar in oar programma. In wurdfierder seit mei klam dat it útstel is, perfoarst gjin ôfstel.
Nei de fúzje is it de bedoeling dat de hjoeddeistige gearwurking yntinsivearre wurdt en dat der ien medyske stêf komt. Op dy wize wolle beide sikehuzen better ynspylje op de problemen op de arbeidsmerk. De fúzje moat no op 1 jannewaris 2025 rûn wêze.