Gasbedriuw Kistos wol proefboarring boppe Skylge, protestgroep benaud foar fersakking

Gaswinning yn de Noardsee © ANP
Gasbedriuw Kistos wol in proefboarring dwaan nei gas yn de Noardsee benoarden fan Skylge. It bedriuw hat twa jier lyn konkurrint Tulip Oil oernaam, en dêrmei ek de fergunning foar it sykjen nei gas. De saneamde opspoaringsfergunning is dêrfoar ferlinge.
It bedriuw wol in proefboarring dwaan. Dêrfoar moat apart noch in fergunning oanfrege wurde by it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. Foardat it bedriuw dy oanfraach docht, wol it earst yn petear mei ynwenners fan Skylge en mei belutsen organisaasjes en ynstânsjes.

Kontroversjeel

Direkteur René Borsch fan Kistos erkent dat de plannen kontroversjeel binne. "Dat komt ook doordat er acht jaar geleden plannen waren om op het eiland zelf gas te winnen. Dat gaan wij absoluut niet doen."
Borsch seit mei klam dat de boarrings bûten Natura 2000-gebiet dien wurde, sa'n 9 oant 10 kilometer fan it eilân ôf en flakby de seefeartrûte. "Als er een platform komt, wordt dat klein, onbemand en zonder gasbehandeling aan boord."
Bedriuw Kistos wol proefboarring nei gas boppe Skylge
Neffens Borsch is ierdgas essinsjeel yn de enerzjymjuks. Alternative boarnen lykas sinnepanielen en wynmûnen binne der hieltyd mear, mar binne noch net genôch om alle wenten yn Nederlân waarm te krijen.
Boppedat soe gas út de Noardsee in minder grutte impact op de natuer hawwe as gas út it bûtenlân. "Dat is ook wat het kabinet wil", seit Borsch. "Die willen juist versnellen op de Noordzee, omdat het beter is dan gas importeren uit het buitenland."

gasTvrij Terschelling

It gasbedriuw stjoerde in útnûging nei goed fyftich ynstânsjes om te praten oer de plannen. Protestgroep gasTvrij Terschelling krige dy útnûging nei eigen sizzen net, eat wat troch Kistos bestriden wurdt. Neffens sekretaris Jan Houweling fan de protestgroep is it folslein ûnnedich om yn de Noardsee te boarjen.
Tsjin de tiid dat it boarplatfoarm úteinsette kin, soene der al folle mear alternativen wêze. "Een leiding vanuit Spanje bijvoorbeeld", neamt Houweling. "Dat houdt Frankrijk nu nog tegen, maar als die leiding er is, dan is er geen enkel probleem."

Benaud foar fersakkingen

Houweling is ûnder oare benaud foar fersakkingen op it eilân. "We moeten maar zien of de Waddeneilanden er nog zijn aan het eind van deze eeuw." De aksjegroep hat op it stuit noch gjin konkrete plannen, mar seit wol mei aksjes te kommen om de plannen foar de gasboarring te kearen.