Cambuur Sjoernaal: Italiaanske kûgel smyt trije punten op

It is no in goeie wike lyn dat Youns El Hilali ynbrocht waard by Cambuur yn de wedstriid tsjin FC Den Bosch. Noch foar de ein waard er lykwols ek wer wiksele, wêrtroch't er bot baalde.
Acht dagen letter is er de grutte man en sjit de Italiaan syn ploech nei de oerwinning op Willem ll.
Alles dêroer en oer de wedstriid yn it Cambuur Sjoernaal:
Cambuur Sjoernaal: Italiaanske kûgel smyt trije punten op
It Cambuur Sjoernaal is altyd in dei nei de wedstriid te sjen yn de Omrop-app, de webside en op it YouTube-kanaal fan Omrop Fryslân. Sneons om 18.20 oere is it programma ek te sjen op telefyzje. Presintaasje leit yn hannen fan Andor Faber en Geert van Tuinen.