Suzanne Schulting rjochtet har folslein op WK: "Dat is mijn enige doel"

Suzanne Schulting by de presintaasje fan de Nederlânske shorttrackseleksje © ANP
Suzanne Schulting sil der alles oan dwaan om yn maart oan de start fan it WK shorttrack yn Rotterdam te stean. Dat fertelde se moandei by de presintaasje fan de Nederlânske seleksje yn Thialf. "Ik heb maar een doel dit seizoen en dat is het WK in Ahoy."
Ynterviews jout Schulting noch net, se hâldt it by in koarte taljochting. "Het gaat echt heel goed met me. Ik ben weer begonnen met het opbouwen van de trainingen. Deze week heb ik de laatste medische testen. Hopelijk krijg ik van de artsen groen licht om door te bouwen."

Hielendal leech

Nei it WK yn Súd-Koreä joech Schulting oan hielendal leech te wêzen. "Ik was op, het ging echt niet meer. Uit medische testen bleek ook dat het beter was om een tijdje rust te nemen. Even afstand nemen van de sport. Dat heb ik deze zomer gedaan en dat was fijn, al vond ik het soms ook moeilijk."
Suzanne Schulting oer it kommende seizoen
"De afgelopen jaren heb ik natuurlijk altijd op het hoogste niveau getraind en opeens mag dat niet meer", giet Schulting fierder. "Het hielp wel dat ik niet echt een andere keuze had. Uit de testen bleek wel dat het echt nodig was. Het stond zwart-op-wit, dan kun je het makkelijker accepteren."

Wer op it iis

Ofrûne tongersdei stie de 25-jierrige shorttrackster foar it earst wer op it iis en ek moandeitemiddei luts se har redens wer oan. "Het voelde goed om weer samen met het team te kunnen trainen."
Ik hoop nog twee keer mee te doen aan de Olympische Spelen.
Suzanne Schulting
Schulting trainde de ôfrûne moannen faak allinnich. En dat befoel har wol. "Ik ben er achter gekomen dat ik het toch heel fijn vind om alleen te fietsen of alleen een krachttraining te doen. Lekker een podcastje op en gaan. Daar genoot ik van, al moest ik wel goed op m'n lichaam letten. Ik mocht natuurlijk niet te veel doen."

Net skrikke fan resultaten

It grutte doel fan Schulting dit seizoen is dus it WK yn Rotterdam, fan 15 oant en mei 17 maart. Begjin jannewaris hopet se mei te dwaan oan it EK yn it Poalske Gdansk. "Dat wordt hopelijk mijn eerste internationale wedstrijd. De resultaten zijn dan nog niet zo belangrijk. Ik moet er niet van schrikken als het tegenvalt, het is een proces richting het WK."
Suzanne Schulting by de presintaasje fan de Nederlânske shorttrackseleksje © ANP
Op 25 septimber fiert Schulting har 26e jierdei. "Dat is toch al vrij oud", laket se. Schulting jout oan noch twa kear oan de Winterspelen meidwaan te wollen. "Het zou mooi zijn om op m'n 32e voor het laatst mee te doen aan de Olympische Spelen." De earstkommende Spelen binne yn 2026, yn Milaan en Cortina d'Ampezzo.