Fries Museum keapet it âldste Hylper skilderij fan Christoffel Bisschop

It nij oankochte skilderij: 'Zondag te Hindeloopen', út 1860 © Fries Museum
It Fries Museum hat in skilderij fan Christoffel Bisschop (1828-1904) kocht. It is syn earste skilderij dat in Hylper tafriel sjen lit. Mei dat tema is de Fryske keunstner ferneamd wurden.
Op it doek út 1860 binne twa froulju yn Hylper dracht te sjen dy't in grutte bibel bestudearje yn in keamer dy't typysk Hylpersk is.

Opnaam yn kolleksje en útstalling

It skilderij is kocht mei stipe fan de Alma-Tadema Kring by in feilinghûs yn Chicago. De Alma-Tadema Kring is in klup fan keunstleafhawwers dy't it Frysk erfgoed tadien is en bydrage wol oan it útwreidzjen fan de museumkolleksje.
It is net it earste skilderij fan Bisschop dat it Fries Museum keapet. Yn desimber ferline jier waard ek al it wurk 'Winter in Friesland' út likernôch 1876 oankocht.
It nije skilderij krijt in eareplakje yn de eksposysje oer Christoffel Bisschop
It nijste doek is fan tiisdei ôf te sjen yn de tentoanstelling Christoffel & Kate Bisschop: Verlangen naar vroeger. Dizze útstalling giet oer Christoffel Bisschop en syn frou Kate Swift, dy't beiden keunst makken.

Nostalgyske bylden

Bisschop waard ferneamd mei syn nostalgyske bylden, faak fan Hylper ynterieurs. Hy libbe yn in tiid fan yndustrialisaasje en grutte feroaringen, mar Bisschip seach leaver nei de 17e iuw.
Christoffel Bisschop (1828-1904) yn syn atelier yn 1903 © Sigmund Löw
Hoewol't Bisschop by it grutte publyk net sa bekend mear is, wie hy ien fan de bêstbetelle keunstners fan syn tiid.

Ferneamd skilder

Christoffel Bisschop waard yn Ljouwert berne as soan fan in keapman. Hy krige les yn de skilderkeunst fan ferskate bekende nammen, ûnder oare yn Ljouwert, Amsterdam, Delft, Den Haag en Parys.
Yn it Fries Museum binne guon skilderijen 'yn it echt' te sjen © Ruben van Vliet | Fries Museum
Hy fêstige him úteinlik yn de omkriten fan Den Haag, dêr't er ûnder oare bekend waard troch syn sjenrestukken fan âld-Hylper binnenhuzen.

Kleurryk Hylpen

Hylpen stiet bekend om syn typearjende guod: it ken in dracht mei bûnte kleuren, ryklik dekorearre meubels en allerhanne Aziatysk diggelguod. Dat hat te krijen mei de hannel yn de 17e en 18e iuw, dy't de wrâld nei Hylpen helle. Der ûntwikkele him in eigen styl: in mingeling fan Hollânske, Fryske en eksoatyske eleminten.
Op de Wrâldtentoanstelling yn Parys fan 1878 wie in Hylper keamer te sjen, dat de belangstelling oanwakkere.
Bisschop fûn it romantyske fan âld-Hylpen ek prachtich. Hy begûn mei it sammeljen fan Hylper klaaiïng en meubels en skildere se op it doek. Dêrmei helle er in tiid werom dy't eins al ferflein wie.
In oar wurk fan Bisschop dat Hylpen sjen lit: 'Jongen die een wieg beschildert', 1899-1901. © Fries Museum
Hy wenne mei syn frou yn Scheveningen yn 'Villa Frisia', dêr't er yn 1904 ek ferstoar. De keunstsamling fan it pear waard neilitten oan de provinsje Fryslân. In soad guod út de filla kaam sa by it Fries Museum terjochte, dat hjoed-de-dei de grutste kolleksje fan it wurk fan Bisschop hat.
It skilderij is moandei ophongen yn it Fries Museum © Omrop Fryslân, Remco de Vries