Opnij rebûlje yn it Frysk Hynstestamboek: twa bestjoersleden opstapt

De hynstekeuring fan it KFPS yn Ljouwert © ANP
It heale bestjoer fan it Frysk Hynstestamboek is opstapt. It giet om foarsitter Tineke Schokker en om bestjoerslid Ella Wiersma. Yn in ferklearring jouwe sy oan dat de "kultuer fan de feriening minder goed by harren past".
Schokker woe net oanjaan wat dêr krekt mei bedoeld wurdt. De lederied, it heechste orgaan fan it Koninklijk Friesch Paarden Stamboek (KFPS), wie dwaande om in ekstra besletten gearkomste te belizzen, om in tal problemen te bepraten. De opstapte bestjoersleden ha dêr net op wachtsje wollen.
It KFPS kaam ferline wike noch mei plannen foar de grutte fiering fan it 145-jierrich jubileum. Dat wurdt yn 2024 hâlden.

Net foar it earst

Yn 2020 wie ek al rebûlje yn it bestjoer. Doe stapte earst foarsitter Wiebe Wieling op om in "ferskil fan ynsjoch" mei de lederied. In moanne letter stapten opnij twa bestjoersleden op om deselde reden.