Feimasines Omrin feroarsaakje hûnderten lekke bannen yn Ljouwert

De izeren pinnen fan feiweinen soargje alle jierren foar hûnderten lekke fytsbannen yn Ljouwert. Dat docht bliken út in omgong by fytswinkels yn de stêd del.
"Dit is de lêste twa jier in grut probleem by ús", fertelt Riemer de Vries fan fytswinkel Mient de Vries. "Wy ha sa'n 20 lekke bannen de wike. Tachtich oant njoggentich persint komt troch de feiwein."
Drokker yn it neijier
De weinen, dy't smoargens en ûnkrûd fan de strjitte helje, ferlieze de izeren pinnen út de boarstels, As de fytsers dêroerhinne ride, is de bân gelyk oan ferfanging ta.
De Vries: "Wy sjogge dus de lekke bannen binnenstreamen nei't der fage is. Yn it neijier is it slimmer, want dan leit der mear troep dat de feiwein feie moat."

Net allinnich fytsbannen, mar ek scooterbannen binne geregeld lek, neffens Rene Visser fan fytswinkel Lammert de Vries. "Eltse moanne komme hjir sa'n tsien scooters binnen mei in izeren pinne yn it tsjil en dy binne in stik djoerder om te ferfangen. Sa'n fjirtich euro de bân."
Fergoeding
Klanten fan de fytsmakkers kinne by Omrin terjochte foar skeafergoeding, mar dat kin allinnich as se oantoane kinne dat it troch de feiwein komt. Omrin jout oan wykliks fiif meldingen te krijen, dat binne der goed 250 yn it jier. Trijekwart fan dy melders krijt ek it jild werom.

De melders moatte nammentlik bewiis ynstjoere, mar dat slagget net altyd. De Vries: "By de helte fan de fytsen fynst de pinne, mar by oaren ek net." De fytsmakkers kinne dan wol oan it gat fan de bân sjen dat it troch sa'n wein komt.
Ek in soad minsken tsjinje gjin fersyk yn foar skeafergoeding, omdat se gjin nocht ha yn it gedoch wat derefterwei komt.

It probleem fan de izeren pinnen is yntusken al jierren bekend by de gemeente, dy't Omrin ynhiert. Yn in reaksje lit de gemeente witte dat der al sjoen is nei alternativen, mar om it ûnkrûd goed fuort te heljen, bliuwe stielen boarstels needsaaklik.
Feimasines Omrin feroarsaakje hûnderten lekke bannen yn Ljouwert
Wol is Omrin no seis wike dwaande mei in nije strategy om sa min mooglik pinnen te ferliezen. It hat te krijen mei de druk fan de boarstels en spesjale flappen. "Dy flappen ha we derop sitten om foar te kommen dat de pinnen fuortsjitte", seit Broer Visser fan Omrin. Hy is ferantwurdlik foar de feimasines.
"Der rydt ek altyd noch in oare feiauto achter om de pinnen op te romjen mar somtiden sjitte se in ein fuort en binne we se kwyt."
Folslein foarkomme fan dat der in stielen pin efterbliuwt, slagget dus net, seit Visser. "We dogge ús bêst."