Liveblog | 18 septimber

112-nijs 18 septimber: Koade giel om tonger en hurde wyn

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 18 septimber, 17:56
17:56

Carver útbrând yn Ljouwert

© Kappers Media
In saneamde 'carverwein' is fan 'e middei yn flammen opgien yn Ljouwert. It elektryske wein stie op de stoep fan de Pieter Feddestrjitte parkearre. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar der bleau hast neat fan de wein oer. It is net bekend hoe't de brân ûntstean koe.
15:35

Koade giel om tonger en hurde wyn

Der binne tongerbuien kommendewei. Der is ek kâns op hagel en hurde wyn, mei wynstjitten fan 60 oant 75 kilometer yn 'e oere. It KNMI warskôget dêrom mei koade giel, dy is fan 19.00 oant 23.00 oere fan krêft yn Fryslân.
Yn de kustgebieten kin it noch hurder waaie, mei snelheden fan 75 oant 85 kilometer yn 'e oere. Dêr giet koade giel al om 17.00 oere yn.
15:18

Treinen ride wer

Nei in oeren oanhâldende steuring tusken Stienwyk en Meppel ride de treinen op it trajekt Ljouwert-Zwolle wer.
13:31

Fertraging hâldt oan

De problemen mei de treinen op it trajekt Ljouwert-Zwolle hâlde oan. De ferwachte eintiid is no 14.30 oere.
12:15

Gjin treinen

Der ride no hielendal gjin treinen tusken Meppel en Stienwyk. Op dat stik wurde no bussen ynset. Reizgers op it trajekt Ljouwert - Zwolle moatte dus rekken hâlde mei fertraging. Hoe't it no liket, duorje de problemen oant 13.30 oere.
11:14

Minder treinen tusken Ljouwert en Meppel

Troch in seinsteuring ride der op it trajekt tusken Ljouwert en Meppel minder treinen. De ferwachting is dat de problemen om 13.00 oere hinne oplost binne.