Stel út Burgum wint 679.000 euro yn Miljoenenjacht: "Dit is ûnwerklik"

© Amy van Leiden Fotografie
In stel út Burgum hat sneintejûn in grutte jildpriis wûn yn it populêre telefyzjeprogramma Miljoenenjacht. Gerlof en Femke waarden thús ferrast en wûnen leafst 679.000 euro.
"Wy beseffe it noch hieltyd net. We seagen gjin telefyzje en ynienen wiene der allegear minsken", neffens Gerlof. "Wy hiene doe noch hielendal net troch dat dat allegear foar ús wie. Oant Femke by my kaam en fertelde dat dit dochs echt foar ús wie."
Ek oare ynwenners fan De Bjirk yn Burgum wûnen jildprizen. De bedraggen foelen yn fergelyk mei eardere ôfleverings fan it populêre telefyzjeprogramma snein yn Burgum heech út.