Youns El Hilali mei earste doelpunt matchwinner foar Cambuur

Youns El Hilali © Orange Pictures
Ienfâldich wie it net, mar SC Cambuur hat tsjin Willem II de trije punten yn eigen hûs holden. Ynfaller Youns El Hilali makke syn earste goal yn tsjinst fan Cambuur en dat wie ek fuort de winnende.
Trainer Sjors Ultee koe wer beskikke oer Fedde de Jong en Roberts Uldrikis, dy't ferline wike fanwegen ynterlânferplichtingen noch ûntbrutsen. De earste stie yn de basis, de oar begûn op de bank.
Silvester van der Water wie der net by, hy rekke ferline wike blesseare. Syn plak op de rjochtsbûten waard oernaam troch Michael Breij.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Caschili, Tol, Smand, Sylla; Van Mullem, De Jong, Van Kaam; Breij, Smit, Balk.
Yn in enerzjyk begjin fan de wedstriid wie Daniël van Kaam as earste ticht by in doelpunt. In foarset foel mei tafal by de twadde peal, dêr't de middenfjilder opdûkte. Hy kaam krekt net goed út en de bal bedarre op it dak fan de goal.
Van Kaam rekke dêrby blessearre. Hy besocht it noch wol even, mar moast letter yn de earste helte wol wiksele wurde.
Nei de aardige iepeningsfaze kakte de wedstriid yn. Milan Smit kaam noch in kear in pear sintimeter tekoart om in foarset fan Sekou Sylla binnen te wurkjen. In kertier foar it skoft krige Breij in soad romte, hy koe ek úthelje fan de râne fan it strafskopgebiet. Dat waard in dwarrelbal, dy't mei in soad muoite oer it doel wurke waard troch Joshua Smits.
Michael Breij baalt nei in miste kâns © Orange Pictures
De twadde helte begûn op 'e nij oantreklik, mar noch sûnder goals. Neidat it duel opnij even ynsakke, drong Willem II oan. Sa wie Freek Heerkens gefaarlik mei in kopbal by de twadde peal, Yanick van Osch siet der goed by. In pear minuten letter wie der in nuodlik momint foar it Cambuurdoel, doe't de bal fia Floris Smand syn knibbel oer gie.
Just doe't Willem II de kânsen krige, kaam Cambuur op foarsprong. Van Osch berikte ynfaller Roberts Uldrikis mei in lange bal. De spits lei 'm mei it boarst klear foar El Hilali. Rúnar Thór Sigurgeirsson reagearre hiel slop, wêrnei't de Italiaan derfan troch koe. Hy twivele net en roste de bal hurd yn it dak fan de goal: 1-0.
Cambuur fiert de 1-0 © Orange Pictures
It doelpunt wie foar guon supporters wol oanlieding om te bekerkes op it fjild te smiten, wêrnei't skiedsrjochter Dennis Higler út duel stillei. It wie al de fiifde kear dit seizoen dat in wedstriid fan Cambuur tuskentroch stillein waard. Nei de ôfsprutsen ôfkoelperioade koe de wedstriid wer trochgean.
Doe wie it doelpuntemakker El Hilali dy't Milan Smit yn stelling brocht. Dy skeat út de draai en twong dêrmei Smits ta in knappe rêding: hy koe der mei de fingertoppen noch mar krekt by.

Slotoffinsyf Willem II

Mei noch in pear minuten te gean, begûn Willem II oan in slotoffinsyf. Cambuur stie lange tiid ûnder druk en kapitulearre hast doe't Sigurgeirsson úthelle. Van Osch hold lykwols foar it earst dit seizoen syn doel skjin.
Troch de oerwinning klimt Cambuur wer nei it dield twadde plak fan de earste divyzje. De Ljouwerters ha 13 punten út seis wedstriden, krekt as VVV-Venlo. Allinnich Roda JC stiet der better foar, de ploech út Kerkrade hat twa punten mear.