Bergsma en Lootsma winne op lêste keatsdei fan it jier, dy't yn it ramt stiet fan ôfskied

Se wienen op wei om harren keatskarriêre ôf te sluten mei in oerwinning, mar Hans Wassenaar en Marrit Zeinstra ha elk de finale fan harren lêste partij op it heechste nivo ferlern, de Aldehoupartij yn Ljouwert.
By de manlju gong de oerwinning op de trochelkoarlotterspartij nei Marten Bergsma, Gabe-Jan van Popta en Hendrik Kootstra. Yn de finale fan de froulju wienen Moniek Lootsma, Louise Krol en Jeska Terpstra de sterksten.
Fjouwer toppers nimme ôfskied fan it keatsen
Wassenaar wie mei Peter van Zuiden en Taeke Triemstra yn in partoer lotte. Dat bea perspektyf en dat waard fuort dúdlik: yn de earste omloop wie Wassenaar mei 5-1 6-6 te sterk foar syn fêste maat Tjisse Steenstra.
Op de twadde list trof Triemstra syn frijeformaasjemaat Gert-Anne van der Bos en opnij waard it net hiel spannend (5-2 6-6). Yn de heale finale kaam Wassenaar syn oare maat tsjin: Renze Hiemstra, dy't nei hjoed ek ôfskied nimt. It waard 5-2 6-0.

Yn de finale kamen se lykwols it partoer fan Marten Bergsma tsjin, dy't mei Gabe-Jan van Popta en Hendrik Kootstra ek goed lotte hie. Op de earste list waard it 5-1 6-4 tsjin Haye Jan Nicolay, Gerben de Boer en Jan Tymen Eisma. Dêrnei hienen se it tsjin Menno van Zwieten, Hessel Postma en Rick Minnesma dreger, mar op 5-4 6-2 wie dat ek út.
Spannende finale
De einstriid sette spektakulêr útein, mei tolve boppeslaggen yn de earste trije earsten. Oant 2-2 gie it lykop. Doe pakte it partoer-Bergsma twa buordsjes achterelkoar op 6-6. It gatsje wie slein. Op 5-3 6-6 makke Bergsma it út mei in sitbal.
It betsjut ek dat it jierklassemint in proai is foar Tjisse Steenstra. Dy einiget op 56 punten. Mei syn finaleplak fan hjoed komt Wassenaar ek op 56, mar Steenstra hat mear earste prizen (fjirtjin om tolve).

By de froulju stie de dei ek yn it ramt fan ôfswaaiende keatsers. It folsleine bêste partoer fan dit seizoen, besteande út Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra, hâldt der bygelyks mei op.
Yn Ljouwert siet Tuinenga hjoed yn in partoer mei Mintje Meinema en Larissa Smink. Monfils keatste mei Annelien Broersma (dy't ek ophâldt) en Fiera de Vries. En Zeinstra wie by Iris Veltman en Lisanne Scharringa yn in partoer lotte.
Alles oan 'e hang (×3)
Se oerlibben allegear de earste omloop en kamen dêrmei yn de heale finale. Dy stie bol fan de spanning: Veltman wûn mei alles oan 'e hang fan Tuinenga en ek de oare heale finale, it partoer-Broersma tsjin Moniek Lootsma, Louise Krol en Jeska Terpstra, einige yn 5-5 6-6. Dat lêste partoer grypte de winst.
Yn de finale ûntrûnen de partoeren fan Lootsma en Veltman elkoar ek net in soad, beide einigen mei hast in folle telegraaf. Op 5-5 6-4 gong de oerwinning nei Lootsma-en-dy.

De tredde priis wie foar it partoer fan Tuinenga, dat de treastfinale ek wer mei 5-5 6-6 wûn.
By de froulju wie de winner fan it jierklassemint al bekend: Marrit Zeinstra pakte dit seizoen santjin earste prizen, trije twadde prizen en ien tredde priis. Se einiget op 56 punten. Ilse Tuinenga komt út op 48.
