Beladen lêste tsjinst yn Fonteintsjerke Dokkum makket sluting definityf

De Fonteintsjerke yn Dokkum is definityf ticht. Snein wie de lêste tsjinst en dêrmei kaam der in ein oan in beladen proses fan sluting.
"Ik haw hjir in soad meimakke en dat makket it emosjoneel", seit in besiker fan de tsjerke by de lêste tsjinst. Hûnderten leden sammelen har yn de Fonteintsjerke.
De sluting leit sa gefoelich dat ferskate tsjerkegongers net reagearje wolle. "Dit wie in part fan myn libben."

De tsjerkeried fan de protestantske gemeente Dokkum-Ealsum-Wetsens naam ferline jier it beslút om de Fonteintsjerke te sluten. It wie net rendabel mear om trije tsjerken yn Dokkum yn 'e loft te hâlden.
De oarsaak leit him benammen yn de legere ynkomsten en it weromrinnende tal tsjerkeleden. De ried snapt de emoasje by de tsjerkeleden.
"Wy fine it sels ek dreech", seit Renetta Jansma. Sy hat 25 jier by de tsjerke sitten. Dat is de helte fan de folsleine skiednis fan de Fonteintsjerke. "Wy hoopje de mienskip ek wer byinoar te krijen, want dy is no ferdield. Al is dat dreech."
'God hat in doel mei ús'
By de tsjinst stiene de foargongers ferskate kearen stil by de sluting. "Het is een pijnlijke dag", seit pastor Grietje Jelsma. "Maar hopelijk kunnen we in de toekomst elkaar weer vinden."
Jansma slút har by dy wurden oan. "As wy goed nei ús tsjinst harke hawwe, dan witte wy dat wy droegen wurde troch God. Hy hat in doel mei ús, dus hy sil ús hjir ek mei stypje."
Foar de tsjerketsjinsten sneins kinne minsken tenei terjochte yn de Grutte Tsjerke of De Herberg.