Cuypersgenootschap wol dat Tytsjerksteradiel wurk makket fan monuminten

It earmhûs-klompmakkersgebou yn Noardburgum út 1843 stiet ek op de list (bekend as it Klompenmuseum/Scherjon's Klompen) © Omrop Fryslân
It Cuypersgenootschap hopet dat gemeente Tytsjerksteradiel ris wurk makket fan in list mei gemeentlike monuminten. Jierren lyn is dêr al ûndersyk foar dien, mar dêrnei is der noch neat fan op 'e hispel kaam.
De stichting hat in brief nei it kolleezje en de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel stjoerd. It Cuypersgenootschap set him as stichting yn foar it behâld fan âld kultuergoed yn Nederlân.
Yn 2016 hat gemeente Tytsjerksteradiel 147 objekten selektearre dy't yn oanmerking komme foar in gemeentlike monumintelist, sa skriuwt de stichting. Mar út neifraach fan it Cuypersgenootschap hat bliken dien dat der noch hieltyd gjin monuminten oanwiisd binne.

"Monumintebelied ta stilstân"

"Dit is zorgelijk", skriuwt de stichting oan it gemeentebestjoer. "Het monumentenbeleid is tot stilstand gekomen." De lanlike monuminteorganisaasje freget Tytsjerksteradiel dêrom om de adressen dochs oan te wizen as monumint.
De túnmanswente by Heemstrastate yn Oentsjerk © Google Street View
Op de seleksjelist steane ferskate pastorijen, buorkerijen, skoallen en Wâldhúskes. It âldste gebou op de list is fan 1727, de meast resinte gebouwen komme út de jierren 1930.
In om 1800 hinne boud Wâldhúske yn Ryptsjerk © Google Street View
Neffens it Cuypersgenootschap is de seleksje dien op basis fan soarchfâldich ûndersyk. "De panden illustreren op fraaie wijze de rijke historie van de gemeente en zijn door hun uitstraling en karakter ook veelal beeldbepalend."

Sloop kin driigje

Just dizze histoaryske gebouwen meitsje de doarpen fan de gemeente sa oantreklik. Mar sûnder formele beskerming kinne de gebouwen sloopt wurde. De gemeente hat gjin foech om in sloopmelding te wegerjen, soks kin allinne mei in monumintestatus.
Yn Tytsjerksteradiel is der gjin gemeentlik foarnimmen om de pannen foar te dragen foar beskerming, sa moat de stichting konstatearje.
It Dam Jaarsma Hûs yn Eastermar is ien fan de 147 objekten dêr't it om giet © Wikimedia Commons
Fryslân telt mear as 4.300 Ryksmonuminten, ferspraat oer alle gemeenten. Mar net alle Fryske gemeenten hawwe gemeentlike monuminten oanwiisd. De Ryksmonuminten binne fan nasjonaal belang, gemeentlike monuminten fan lokaal of regionaal belang.
Op grûn fan in gemeentlike monuminteferoardering (basearre op de Erfgoedwet) kinne sokke objekten op in monumintelist set wurde.