Susan van Weperen kuiere 4.300 km: "Je wordt teruggehaald naar de basis"

Susan van Weperen fan Easterwâlde hat in meunstertocht achter de rêch. Om jild op te heljen foar it plantsjen fan beammen hat se de Pacific Crest Trail rûn. In tocht fan 4.300 kilometer fan de Meksikaanske oant de Kanadeeske grins.
"Het was zo mooi", fertelt se. "Je wordt helemaal teruggehaald naar de basis van wie je bent. Alles is zoveel intenser."
Fan Meksiko nei Kanada
Van Weperen waard mei in buske nei de start yn Californië brocht, by de grins mei Meksiko. "Je leeft zo lang naar dat moment toe, je hebt er zoveel voorbereiding in zitten. Als je er dan eindelijk bent, voelt dat zo onrealistisch."
De earste tiid fielde wat frjemd foar de ynwenner fan Easterwâlde. "De eerste maand besefte ik niet dat ik er was. Ik moest echt nog landen, dat duurde een hele lange tijd."
Lang allinnich
It grutste part fan de tocht rûn Van Weperen allinnich. "Er viel dit jaar heel veel sneeuw. Daardoor zijn veel mensen niet gegaan. Ik liep daardoor veel alleen, dat had ik niet verwacht."
Foar Van Weperen wie it allinnich-wêzen yn it begjin bêst wol spannend. "Normaal vind ik het ook wel fijn om alleen te zijn, maar op een gegeven moment wil je ook lekker praten met iemand", seit se. Als je dan iemand tegenkomt, begin je ook direct heel veel te praten. Het is fijn om je gedachten met iemand te kunnen delen."
Toen hij aan de overkant was, schreeuwde hij dat ik het waarschijnlijk niet zou halen en dat het beter was om om te keren
De tocht hie de nedige útdagings foar de kuierders. Sa seach fan Weperen meardere kearen in bear. "Dat was niet echt eng. Als je een beer ziet, blijf je gewoon op afstand. Beren geven niet heel veel om mensen. Ze kijken je dan een beetje verward aan en lopen gewoon door."
It spannendste momint wie foar Van Weperen op in besnijde berch. "Daar was ik met een jongen. Hij ging over een ijzig stukje, maar dat was best gevaarlijk. Als je daar zou vallen, viel je een heel stuk naar beneden. Toen hij aan de overkant was, schreeuwde hij dat ik het waarschijnlijk niet zou halen en dat het beter was om om te keren."

Hielendal allinnich yn de snie moast Van Weperen werom. Se kaam dagen oanien gjin minsken tsjin. "Dat was een hele nare ervaring, maar ik bleef kalm." Lang om let wie dêr dochs in oar groepke. Tegearre mei dy minsken gienen se dochs oer de pas en gelokkich gie dat goed.
Lichem noch yntakt
Nei fiif moannen kaam de finish yn sicht. Van Weperen rûn wer allinnich en sa tocht se ek oer de einstreek te gean. "Maar opeens kwam er iemand uit de mist verschijnen, een vriend die ik al eerder had gezien. We spraken af om samen naar de grens te lopen", fertelt se.
"Vlak voordat we er waren, draaide hij zich om: hoe zullen we het doen, Susan? Toen zei ik: gewoon wandelen, zoals we het de afgelopen vijf maanden ook gedaan hebben", seit se. "Ik had gedacht dat het heel emotioneel zou zijn, maar dat was het niet: het was heel mooi en heel leuk, we hebben genoten van de plek."

Dat it no klear is, is foar Van Weperen hiel ûnwerklik. Se is tankber dat har lichem it al dy tiid folholden hat. "Het lichaam is nog aan één stuk. Mijn voeten zijn wel gegroeid en mijn tenen zijn een beetje opgezwollen. Ik heb intussen alweer hardgelopen en eigenlijk wil ik wel weer terug."
Mei har tocht hat Van Weperen genôch jild ophelle om 1.500 beammen te plantsjen, ek yn Fryslân. Ein dizze moanne komt se werom út Amearika.