Cambuurdebút makket emoasjes los by Myles Veldman: "Noah en Isay kijken van boven mee"

It wie ferline wike sneon om likernoch kertier foar njoggenen doe't Myles Veldman klear stie oan de sydline fan it Cambuur Stadion. In momint dêr't hy nei talibbe hat, hielendal sûnt 30 july 2021.
De iene nei de oare spiler út de jeugdoplieding fan Cambuur makket dit seizoen it offisjele debút yn it giel-blau. Wiebe Kooistra, Tom van der Werff en Myles Veldman kamen al oan bar. Foar ûnder oaren Marcel Schaapman, Yoram van der Veen en Iwan Henstra sil it in kwestje fan tiid wêze.
Veldman kaam yn de wedstriid tsjin FC Den Bosch foar it earst binnen de linen. Hy is in 20-jierrige fuotballer, dy't hikke en tein waard yn Utrecht. Yn de jeugd spile er by amateurklups, FC Den Bosch en ADO Den Haag.
De Domstedeling is linkerferdigener, mar kin ek sintraal efteryn spylje. En tsjin Den Bosch foel er sels yn as linksbûten. It is Veldman syn tredde seizoen by Cambuur. "Ik ben super blij en voel me hier thuis."
It debút by Cambuur makke in soad los by Myles Veldman
Werom nei syn debút. Dat soarge foar in hoop emoasje nei de wedstriid. In wike letter leit Veldman út wêr't dat wei komt. "Twee jaar geleden zijn twee van mijn beste vrienden omgekomen. Het zat heel diep", fertelt er.
Veldman doelt op Noah en Isay Gesser, dy't op 30 july 2021 om it libben kamen by in auto-ûngelok. De broerkes wiene sechtjin en achttjin doe't se ferûngelokten. Noah wie in grut fuotbaltalint, dat yn de jeugdoplieding fan Ajax siet.
Als het niet meezat, dacht ik: ik moet het voor hen doen.
Nei it ferlies fan syn bêste maten gie de knop om by Veldman. Op dat momint spile er al yn Ljouwert, by de belofteploech. Hy wurke altyd al hurd, mar der moast yn syn eagen nóch in skep boppe-op.
Veldman: "Als het niet meezat, dacht ik: ik moet het voor hen doen. Ik heb het gebruikt als kracht om elke dag weer keihard te werken, ook als ik in zak en as zat. De eerste stap is gelukt en nu gaan we gewoon weer door."
Mar efkes stil stean by it debút, dat hat er wol dien. "Nu ik de kans kreeg om te debuteren, kwam daar zoveel emotie bij. Die jongens kijken van boven mee. Ik was super blij dat ik het voor hun heb kunnen doen."
De trochstream út de jeugdoplieding
Myles Veldman is ien fan de eksponinten út de Cambuurjeugdoplieding. Trochdat it spilersbudzjet fan de klup halvearre is nei de degradaasje, is keazen foar in lytsere seleksje mei mear romte foar de jeugd.
"Jeugdspelers zijn vaak veel verder dan mensen durven denken", wit trainer Sjors Ultee. "Maar als je vertrouwen aan die gasten geeft, krijg je vaak hele mooie dingen terug."
Neffens Ultee moatte je it as klup doarre om jonge talinten spyltiid te jaan. "De één moet wat langer wachten op zijn kans wachten dan de ander, maar wij zijn heel blij met dat we deze jongens erbij hebben. Het is voor de club en de lange termijn heel mooi."

It ferneamde sprekwurd dat de apel net fier fan de beam falt, docht yn it gefal fan Veldman ek wer bliken. Syn heit John spile yn de jierren tachtich en njoggentich foar ûnder oaren PSV en Ajax. En hy spile ien ynterlân foar it Nederlânsk alvetal.
Heit John is lykas soan Myles in ferdigener. "Mijn vader helpt me met de kleine dingetjes, met wat ik goed doe en wat ik beter kan doen. Het heeft alleen maar voordelen. Mijn vader heeft het beste met me voor."
It ferskil tusken beiden is dat John in rjochterferdigener wie en Myles in linkerferdigener. Mar, sa seit de jongste Veldman: "Ik denk dat er genoeg overeenkomsten zijn. Wendbaarheid, snelheid, fysiek en loopvermogen. Sinds ik klein ben, helpt hij me daar ook steeds bij."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Willem ll begjint sneintemiddei om 16.45 oere. It is live te folgjen yn it radioprogramma Snein yn Fryslân. It kommentaar út it Cambuur Stadion wei komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.
In wiidweidich ferslach fan de wedstriid is moandei werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal by Omrop Fryslân.