Liveblog | 17 septimber

112-nijs 17 septimber: Fandalen bespuitsje dekôr en tribune iepenloftspul Akkrum mei ferve

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 17 septimber, 19:33
19:33

Fandalen fervje dekôr en tribune iepenloftspul Akkrum

© Dreamteater Akkrum
In pear dagen foar de premjêre fan it iepenloftspul yn Akkrum is it dekôr dêr bespuite mei fervebussen. Ek de tribune siet fan 'e moarn ûnder de ferve.
"Al wiken wurdt hjir troch in hiel soad minsken spikerhurd wurke om alles foar de premjêre klear te krijen en dan binne soksoarte aksjes sa teloarstellend", skriuwt de organisaasje op Facebook. Der is oanjefte by de plysje dien.
"We roppe de dieders op om harsels by ús te melden. Jim kinne de boel dan sels wer skjinmeitsje en we ha ek noch wol wat oare putsjes foar jim."
De premjêre fan it twadde iepenloftspul fan Akkrum, mei de titel Heksen, is kommende tongersdei.
14:07

Wikkerdewik foar in auto yn Koarnjum

© AS Media
It wie wikkerdewik foar in auto yn Koarnjum. In automobilist wie fan De Wier ôf efterút yn de berm bedarre. It gie lykwols om in dyk, wêrtroch't de auto op it rantsje bongele.
De brânwacht koe de auto mei help fan spanbannen noch op tiid stabilisearje, sa't dy net nei ûnderen ta fleach. Der rekken gjin minsken ferwûne en ek de auto kaam sûnder kleanskuorren wer op de dyk terjochte.
07:10

Griene komeet hâldt sosjale media yn 'e besnijing

Rjochts is de griene bol yn de loft te sjen © @SimonBosma
Op sosjale media wie in soad te dwaan om in ljochtjouwende streek dy't sneon om 20.30 oere hinne te sjen wie yn de loft. Simon Bosma fan Eastermar hie it fêstlein mei de dashcam fan syn auto, doe't er op de N381 by Drachten ried. Doe't er de ôfslach nei Oerterp foarby kaam, fleach it ferskynsel nei ûnderen.
Hy pleatste it op X en krige tal fan reaksjes. Hoewol't guon te praat brochten dat it wolris 'de Russen' of it 'Hûnekop Festival' wêze koe, liket it te gean om in komeet. Yn de omkrigen Frjentsjer, Dokkum, Hurdegaryp en Grins waard de ljochtflits ek sjoen en de bekende stjerrekundich sjoernalist Govert Schilling rôp op details troch te jaan oan de meteoarewurkgroep.
Oer 435 jier wer
Letter die bliken dat it nei alle gedachten de Nishimura-komeet wie. Dy kaam ticht by de ierde del en is hjoed it meast helder en dus it bêste te sjen. Dat er sa sichtber is bart net faak, pas yn it jier 2458 is de Nishimura-komeet wer te sjen. C/2023 P1 (Nishimura) docht der 435 jier oer om in rûntsje om de sinne te reizgjen.
07:06

Brân yn hokje efter hûs yn Burgum

De wask hong noch bûten, dy sil wol nei reek stonken hawwe © ProNews Producties
De brânwacht is sneon yn Burgum oproppen foar in brân oan de Bulthuissingel. De brân soe ûntstean wêze yn de tún, mar sloech oer nei in hokje. Der waard opskaald nei in middelbrân en de brânwachten van Burgum, Aldegea en in heechwurker fan Ljouwert waarden oproppen. Yntusken besocht in buertbewenner om it fjoer mei in túnslang sels út te krijen. De bewenners wiene op dat momint net thús.
De brânwacht fan Burgum hat yn 'e mande mei de plysje it fjoer fluch útkrigen. De oare brânwachten koene retoer kazerne.
07:00

Ljouwerter plysje hâldt poehamakkers oan

De plysje fan Ljouwert krige sneontemiddei melding oer in ferfelende man yn in kleanwinkel yn it sintrum. De man foel personiel lestich. Doe't in plysje op it plak kaam en de identiteit fan de man fêststelle woe, wegere de fertochte om mei te wurkjen. De man is dêrnei oanholden, al fersette hy him dúdlik. It die bliken dat de 34-jierrige man gjin fêst wen- of ferbliuwplak hat. Der is in proses-ferbaal opsteld.
It wie net de iennige persoan dy't ferfelend die. Op it Kalverdijkje hat de plysje yn aksje komme moatten foar in agressive frou, dy't blommen út de blombakken luts en personiel bedrige en mishannele. De 24-jierrige frou is troch de plysje oanholden.