Zeinstra en Wassenaar binne klear mei keatsen: "Alles winne, dêr is gjin reet oan"

Marrit Zeinstra en Hans Wassenaar © Dijks Fotografie / Omrop Fryslân
It hat moai west foar keatsers Hans Wassenaar en Marrit Zeinstra. Beiden komme snein foar de lêste kear yn aksje by de Aldehoupartij yn Ljouwert, tradisjoneel de ôfsluter fan it keatsseizoen.
Hans Wassenaar hat alle grutte partijen op syn namme skreaun. Mei winst op de Freule, de Jong Nederlânpartij de Bûnspartij en de PC is hy yn it besit fan it saneamde klaverke fjouwer.

Kening fan Fryslân

By de lêste edysje fan de PC stapte Wassenaar (32) mei syn maten Renze Hiemstra en Tjisse Steenstra as winners fan it Sjûkelân. Foar it toppartoer wie it harren twadde PC-oerwinning op rige en foar Wassenaar syn fjirde yn totaal.
"Myn allerearste PC-winst sil ik nea ferjitte", fertelt Wassenaar, "dat wie echt de moaiste wike fan myn libben. Dêr wurkest tsien jier nei ta en as it dan slagget, is der in eksploazje fan blydskip. Ik fielde my doe echt de kening fan Fryslân."
De hichtepunten út de keatskarriêre fan Hans Wassenaar
De 26-jierrige Marrit Zeinstra wûn ek alles wat der te winnen is. Mei har oerwinnings op de PC (fjouwer kear), de Ald Meierspartij, de Jong Fammepartij yn Mantgum en de Bûnspartij is sy ien fan de seis keatsters dy't de Fjouwer Wimpels hat, de fjouwer wichtichste oerwinnings yn it frouljuskeatsen.

Ien fan de grutten

"De PC winne is fansels moai", seit Zeinstra, "mar ik wie faak favoryt. En earlik sein fyn ik it moaier as je winne wylst gjinien dat ferwachtet. Sa wûn ik yn 2013 de Ald Meierspartij mei myn suske Hiske en Leentsje Bootsma. Doe wie ik 16 jier, dat wie echt hiel bysûnder."
Dit jier kaam se yn besit fan de Fjouwer Wimpels, doe't se foar it earst it NK wûn. "Ik wie dêr noait sa mei dwaande, mar dat waard oars doe't ik de Ald Meierspartij wûn. Doe waard it yn ien kear realistysk. Ik bin der wol hiel grutsk op, dan kinne je dochs sizze dat je by de grutten hearre."
Ek Renze Hiemstra en Evert Pieter Tolsma sille de keatswant oan de wylgen hingje. Hiemstra is fiiffâldich winner fan de PC. By de froulju nimt it folsleine toppartoer fan Marrit Zeinstra ôskie, want ek Ilse Tuinenga en Anne Monfils keatse snein foar it lêst.
Snein keatse jimme foar it lêst, watfoar gefoel jout dat?
Zeinstra: "Ik haw der nocht oan, de Aldehoupartij is altyd hiel gesellich en boppedat haw ik dêr noch noait wûn. It soe moai wêze om dy ek noch even te pakken."
Wassenaar: "Ja, it ein is yn sicht, mar je meitsje karren en der is mear as keatsen allinnich. Alles fol gas kin no ienkear net."
Winners fan it Klaverke Fjouwer © Dijks Fotografie / Omrop Fryslân
Zeinstra: "Ik sjoch dernei út dat ik aansten wat mear frijheid ha. Dat ik net mear elts wykein derop út moat, dat ik net mear eltse wike twa kear traine moat. Boppedat haw ik alles wûn, dat makket de kar ek wat makliker."
Wassenaar: "Snein geane wy gewoan foar de winst en as it dan foarby is, dan sil dat wol efkes oankomme. Mar ik fyn it allegear net sa spannend, ik gean net dea, hear!"
De hichtepunten út de keatskarriêre fan Marrit Zeinstra
Zeinstra: ïk hâld echt net foar altyd op, silst my echt noch wolris sjen by it ôfdielingskeatsen. As se my nochris nedich hawwe, kinne se altiten belje. Al sil ik net tsjin elts partoer 'ja' sizze."
Wassenaar: "Ik haw tafallich fannacht dreamd dat ik útfallen wie by de PC en dat kaam wol even oan, moat ik sizze. Takom jier bin ik foar 99 persint wis taskôger by de PC en ik tink net dat ik der dan ûntspannen by sitte sil. It allerleafst stiest dochs yn it fjild."
Ik moast my hieltyd faker oplade foar de wedstriden.
Marrit Zeinstra
Zeinstra: "It is oars as jierren ferlyn, it frouljuskeatsen is behoarlik úttinne en dat makket it minder leuk. Ik moast my hieltyd faker oplade foar de wedstriden. No't ik myn stúdzje fysioterapy ôfrûne ha, sjoch ik dernei út om wat langer op fakânsje te gean. Sa wol ik altiten nochris nei de Filipinen."
Wat sille jimme it measte misse?
Wassenaar: "It winnen! Dat je tawurkje nei in hichtepunt en op it momint sels it bêste út dysels helje. En dan haw ik it oer de PC, mar ek oer Dronryp, de Van Aismadagen, Arum en de Rengersdei. Dat binne dochs partijen mei histoarje."
Zeinstra: "Ik haw fjouwer kear de frouljus PC efter elkoar wûn, dus ik haw der wol frede mei dat ik dêr takom jier net oan meidoch. Ik sil benammen de partijen yn july en augustus misse: Minnertsgea, Arum, Wytmarsum. Dêr komt altiten in soad publyk op ôf en is it hartstikke gesellich."
Fernimme jim in foarm fan sêdens?
Marrit Zeinstra: "Wy hawwe allinnich Grou net wûn, mar dat is foar my net in reden om langer troch te gean. Je fernimme dochs wol dat de maklikens der wat ynslûpt as je alles winne."
Winners fan de Fjouwer Wimpels © Dijks Fotografie / Omrop Fryslân
Wassenaar: "Ik snap Marrit wol: as je yn in seizoen echt alles winne, ek as je sels mar 50 persint binne, leau my mar, dêr is gjin reet oan. Dan wurdt it saai."
Zeinstra: "Winne ferfeelt nea en je kinne better alles winne as alles ferlieze. Mar it is wol sa dat by it trochelkoarlotsjen in oare Marrit te sjen wie. Dan moatte je der mear foar dwaan en as it dan slagget, dan bist ekstra grutsk op dysels."
De Aldehoupartij is sa'n dei fan it trochelkoarlotsjen. Sa keatst Hans Wassenaar yn Ljouwert mei opslagger Peter van Zuiden en foarynse Taeke Triemstra. Marrit Zeinstra foarmet in partoer mei Iris Veltman en Lisanne Scharringa.