Skylger wettertaksy krijt tsientallen dolfinen op besite

It is in opfallend byld. Grutte hekweagen op 'e Noardsee, feroarsake troch in wettertaksy fan Rederij Noordgat op Skylge, dêr't ferskate dolfinen yn omspringe.
Op de fideo is te sjen dat it om saneamde tuimelaars giet. Neffens it AD giet it om sa'n fyftich bisten, dy't minutenlang mei it skip meiswommen. "We varen al 23 jaar in dit gebied, maar dit heb ik nog nooit gezien", seit skipper Arjen de Boer tsjin de krante. "Een machtig gezicht!"
Annemarie van den Berg, direkteur fan SOS Dolfijn, is út 'e skroeven. "Dit is echt mind-blowing, we waren door het dolle heen toen we het filmpje van de mensen van de rederij zagen. Zo'n grote groep bij elkaar zien we inderdaad bijna nooit in onze Noordzee", sa seit se tsjin it AD.