60 jier Kobbekooi betsjut grut feest yn Ljouwerter wyk Wielenpôlle

Buerthûs Kobbekooi yn de Ljouwerter wyk de Wielenpôlle bestiet 60 jier. Om hjir feestlik by stil te stean pakte de wyk sneontemiddei flink út mei in ferskaat oan aktiviteiten.
It feest begûn moarns betiid al. Guon âldere buertbewenners waarden op in bysûndere wize fan hûs helle, sa fertelt de 90-jierrige Berend Moed: "Ja, mei it treintsje, dat wie hiel leuk. Se dogge hjir altyd in soad, ek foar de âldere minsken."
Kleurde sûkerspinnen
Moed wennet al 62 jier tegearre mei syn frou yn de wyk. Dochs stiet in besite oan it buerthûs net faak op it programma. "Wy wenje mear op ússels. Mar ik ken hjir wol in hiel soad minsken, want wy wenje hjir al lang en ik ha hjir ek wurke."
It buerthûs fan de Ljouwerter wyk Wielenpôlle bestiet 60 jier
Neist de âlderein wie der ek wat spesjaals organisearre foar de jongere buertbewenners. Sa wiene der in sweef- en in draaimûne en in clown dy't kleurde sûkerspinnen útdielde yn de strjitten by it buerthûs.
It wie net allinnich mar 'foar it leuke' dat der oan de bern tocht wie, seit ponghâlder Rinus Pel. "Der komme hjir hieltyd mear minsken mei bern te wenjen, en je moatte wol in plak ha dêr't de bern har ek thús fiele."
Wichtich foar de wyk
Ut alles blykt dat de Kobbeko0i in wichtich plak ynnimt yn de mienskip. Dat sjocht ek fraksjefoarsitter fan de FNP Ljouwert, Jan-Willem Tuininga: "Tusken 1954 en 1973 binne der in hiel soad buerthuzen en wiken ûntstien yn Ljouwert. It sosjale barren yn sa'n wyk, dêr draacht in buerthûs oan by. Al hielendal hjir yn de Wielenpôlle."

"Nearne net om, mar ik tink dat der net in soad wiken yn Ljouwert binne dêr 't safolle organisearre wurdt as hjir", leit Tuininga út. "We kenne de wyk fansels fan it krystdoarp, dêr steane se ek om bekend, mar der bard hjir folle mear. En de Kobbekooi is dêr hiel belangryk by."