Kin Danny Noppert in goed WK delsette? "Komst dochterke wurket miskien wol mei"

Hy is yntusken ien fan de bêste darters fan de wrâld. Danny Noppert (32) fan De Jouwer - op dit stuit de mondiale nûmer njoggen - heart by de top fan de PDC. Dochs wurdt it tiid foar syn folgjende stap: in goed resultaat op it WK delsette.
De simmerfakânsje sit der krekt op foar Noppert, nei toernoaien yn Australië en Nij-Seelân. Mei syn freondinne Mandy en soan Jent hat er yn Grikelân ta rêst komme kinnen.
Mar no moat der wer smiten wurde, dit wykein op in telefyzjetoernoai yn Amsterdam. De World Series Finals yn AFAS Live markearje it begjin fan in drokke twadde seizoenshelte, mei as absolute útsmiter it WK yn desimber.
"Net sa stabyl"
Noppert mei op dit stuit de nûmer njoggen fan de wrâld wêze, de earste seizoenshelte hat neffens him oant no ta net goed west. "It is net sa stabyl dit jier. It is noch net myn jier."
Der komme lykwols noch meardere grutte toernoaien oan, dêr't in soad jild foar de wrâldranglist te fertsjinjen is. Tink oan de World Grand Prix, it European Championship en de Grand Slam of Darts.

It absolute hichtepunt foar eltse darter is it WK yn desimber. Op it wrâldkampioenskip yn it Alexandra Palace yn Londen is de measte eare en it measte prizejild te beheljen. "It WK is altyd wol hiel spesjaal", seit Noppert. "Mar it is oant no ta noch net myn ding."
Rap útskeakele
De ôfrûne fjouwer edysjes waard de Fries hieltyd yn de tredde ronde fan it WK útskeakele. En dat is foar in spiler fan syn kaliber net goed genôch, sa seit hy sels ek. "Ik leau der wol yn, mar op it WK moat it myn kant noch op falle."
Jout it wrâldkampioenskip miskien ekstra druk dêr't hy net mei omgean kin? "Nee, seker net", neffens Noppert. "Ik bin altyd wol aardich rêstich en meitsje my net drok. Ik fjochtsje hurd en as ik ferlies, dan akseptearje ik it."
Ik leau der wol yn, mar op it WK moat it myn kant noch op falle.
Mar it is noch mar de fraach hoe't it aanst mei it WK komt. Begjin desimber ferwachtsje Danny Noppert en syn freondinne in twadde berntsje. Soan Jent krijt der in suske by, as it goed is noch krekt foardat it wrâldkampioenskip op 15 desimber begjint.
"Der is in dochterke op komst. Ferline jier, doe't myn soantsje berne waard, wûn ik krekt dêrnei de UK Open. Miskien wurket dat ek wol foar it WK dit jier", laket Noppert. "Mar, ek al wurdt der gjin bertsje berne, je moatte it sels dwaan."
"Hjir is heit foar makke"
It libben fan it profdarter is lang net altyd maklik. Je moatte in soad reizgje en Noppert is somtiden in skoft fan hûs.
"Myn soantsje hat it wol hieltyd mear troch as ik fuortgean. Mar hy begrypt it aansten ek wol. It is no ienkear wat syn heit docht, hjir is heit foar makke. As ik sa trochgean, hat hy it ek wol leuk letter."

Yn Amsterdam is de Fries dit wykein yn elts gefal goed begûn. Freedtejûn fersloech hy yn de earste ronde lângenoat Dirk van Duijvenbode mei in gemiddelde fan dik 105. Syn folgjende tsjinstanner yn AFAS Live is Ingelskman Nathan Aspinall, dêr't Noppert sneontejûn by de lêste 16 tsjin útkomt.
"Alles mooglik"
Kin dit wykein de opmaat wêze nei in sterke twadde seizoenshelte fan Noppert? "Mei dit nivo is alles mooglik. Ik sil noch net sizze dat ik fuortendaliks de finale helje. It bliuwt darten, je moatte it dei by dei besjen."
Yn 2019 helle Danny Noppert noch de finale fan de World Series Finals, dêr't hy úteinlik ferlear fan trijefâldich wrâldkampioen Michael van Gerwen. Yn AFAS Live yn Amsterdam steane dit wykein hast alle topdarters fan de PDC op it programma.