Agrarisch Natuurfonds freget in miljoen foar fûgeltsjelân fan de provinsje

Foarsitter Rendert Algra fan de stifting Agrarisch Natuurfonds Fryslân sprekt de minsken ta yn de skuorre fan de famylje Bote by Tsjerkwert © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Agrarisch Natuurfonds Fryslân freget de provinsje om in miljoen euro. De stichting wol fûgeltsjelân keapje en behâlde, mar hat driuwend ferlet fan jild om dy oankeap te finansierjen.
Foarsitter Rendert Algra die de oprop by de pleats fan de famylje Bote yn Tsjerkwert. Dêr wie in gearkomste oer de earste oankeap fan grûn foar it projekt 'Gruttoland Tsjerkwerd.'
Agrarysk Natuerfûns freget miljoen fan provinsje
De famylje Bote wol tolve bunder gaadlik greidefûgellân ferkeapje oan de stichting om it lân sa foar de fûgels te behâlden. Mei wat Agrarisch Natuurfonds Fryslân yn kas hat, kin der foarearst net mear as 4,3 bunder oankocht wurde.
Der binne in hiel soad goeie bedoelingen as it giet om de takomst fan de skries yn Nederlân, sjocht Algra. Mar dat wurdt neffens him net omsetten yn konkrete maatregels. De provinsje wol nei 10.000 skriezenêsten ta, mar it oantal sakket ûnder de 6.000.

"Mei inkeld goede bedoelingen komme wy der net"

"It giet fierstente stadich. Benammen it fienansierjen bliuwt efter. Mei inkeld goede bedoelingen komme wy der net", stelt hy. Neffens Algra sjogge in soad partijen nei inoar, mar wurdt der net trochpakt.
Mei in miljoen euro kin de stichting alle plannen dy't der no lizze útfiere. En as de provinsjale polityk wachtsje wol op lanlik belied foardat der sokke bedragen útjûn wurde, is in liening neffens Algra ek noch in opsje.
Rendert Algra oan it wurd © Omrop Fryslân
"Wy sjogge dat eltsenien de noas deselde kant út hat. Bestjoerders, Steateleden, boargers: eltsenien is it der oer iens dat der wat barre moat mei de greidefûgels. Dat kin. Mar dan moat der wol lân kocht wurde, en lân is djoer."
Dêrom dus it berop op it provinsjaal bestjoer. "Wy wolle foar it folgjende seizoen yn maart klear wêze. It soe skande wêze as dat net slagget om't wy net genôch jild te besteegjen hawwe."