Liveblog
|
17 septimber
Bûtenpost wint earste wedstriid op de snein | Follybalsters ferslaan Tsjechië
Yn dit blog hâlde wy dy op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân.
- Marten Bergsma en Moniek Lootsma winne de Aldehoupartij yn Ljouwert;
- Bûtenpost wint syn earste 'sneinwedstriid', út tsjin Rohda Raalte;
- Cambuur is thús mei lyts ferskil te sterk foar Willem II.
Lêst bywurke: 17 septimber, 19:31
snein 17 septimber
19:31
Cambuur wint
Ienfâldich wie it net, mar SC Cambuur hat tsjin Willem II de trije punten yn eigen hûs holden. Ynfaller Youns El Hilali makke syn earste goal yn tsjinst fan Cambuur en dat wie ek fuort de winnende.
18:35
En troch

Cambuur en Willem II spylje wer. It duel hat sa'n tsien minuten stillein.
18:27
Wedstriid Cambuur stillein

De wedstriid fan SC Cambuur tsjin Willem II is stillein. Nei de 1-0 fan Youns El Hilali waard der in bekerke op it fjild smiten en de regel is dan dat de wedstriid stillein wurdt.
It is al de fiifde kear yn seis wedstriden dit seizoen dat in wedstriid fan Cambuur stillein wurdt.
Cambuur hie fan 'e moarn op de eigen klupwebside noch in oprop dien om net mei bekers te smiten. "We kunnen niet genoeg benadrukken dat je met het gooien van voorwerpen en/of plastic bekers zowel jezelf, alsook je medesupporters en de spelers te pakken hebt."
17:37
Noch gjin goals by Cambuur - Willem II

By Cambuur - Willem II is it skoft. Beide ploegen ha noch net skoard, dus it is 0-0.
17:27
Bergsma en Lootsma winne lêste keatspartij fan it jier
It keatsseizoen sit derop. Hjoed wie de Aldehoupartij yn Ljouwert de lêste dei fan it jier.
By de manlju gong de oerwinning op de trochelkoarlotterspartij nei Marten Bergsma, Gabe-Jan van Popta en Hendrik Kootstra. Yn de finale fan de froulju wienen Moniek Lootsma, Louise Krol en Jeska Terpstra de sterksten.
16:21