Marrit Jasper ferliest mei Nederlânske follybalsters fan Kanada

De Nederlânske follybalsters hawwe de earste wedstriid fan it Olympyske kwalifikaasjetoernoai yn Sina ferlern. De ploech fan bûnscoach Koslowski ferspile in 2-1 foarsprong en ferlear úteinlik yn fiif sets fan Kanada
Marrit Jasper fan Snits begûn yn de basis en bleau de hiele wedstriid stean. Se pakte oanfallend har puntsjes mei, mar wie foaral fan wearde yn it efterfjild. Se krige in soad opslaggen te ferwurkjen en die dat hiel stabyl.
Yn de earste set pakte Nederlân in foarsprong, mar dat koe de ploech tsjin 'e ein fan de set net folhâlde. Kanada kaam op likense hichte. Om en om waarden de punten ferdield, wêrby't beide lannen setpunten krigen. Uteinlik pakte Kanada op 32-30 de set.
Foarsprong kaam net
De folgjende twa sets wiene Marrit Jasper en har teamgenoaten dúdlik de bettere ploech en de ferwachting wie dan ek dat Nederlân trochstome soe nei in 3-1 oerwinning.
Dat barde lykwols net: Kanada begûn de fjirde set sterk en Nederlân makke oan 'e opslach nochal wat flaters. Mei 25-17 gie de set nei Kanada wernei't in fiifde set nedich wie.
Spannende slotfaze
Yn dy beslissende set naam Nederlân in foarsprong, mar Kanada wist opnij by te kommen en kaam op 13-11. Yn in spannende slotfaze wist Oranje de stân lyk te lûken op 13-13 mar Kanada krige it earste matchpunt, dat ek fuortendaalks fersulvere wurde koe omdat de Nederlânske oanfal yn it net bedarre.
Oranje moat by de bêste twa lannen yn in pûl fan njoggen einigje om in ticket nei Parys te fertsjinjen. Mei Sina en wrâldkampioen Servië yn de pûl wurdt dat in drege opjefte, hielendal nei dizze nederlaach.
It toernoai duorret noch oant en mei nije wike snein. Snein om 04.00 oere Nederlânske tiid stiet de folgjende wedstriid al op it programma. Tsjechië is dan de tsjinstanner.