Skriuwster Lida Dijkstra wint priis foar bêste histoaryske jeugdboek

Skriuwster Lida Dijkstra fan De Knipe hat de Archeon Thea Beckmanpriis wûn. Har roman Schaduw van Toet is ferkeazen ta bêste histoaryske jeugdboek fan it jier.
It boek giet oer farao Toetanchamon en syn healsuster oan it hôf fan de farao's yn it âlde Egypte. Dijkstra krige de priis om't har ferhaal Toetanchamon 'vakkundig en trefzeker' yn de histoaryske kontekst set.

De sjuery neamt de roman in prachtich boek. "De statige wereld van het oude Egypte komt zo heel dichtbij. De terloopse schrijfstijl, schitterende uitvoering en de illustraties van Djenné Fila dragen eraan bij dat dit boek een feest is om (voor) te lezen."
De priisútrikking wie yn it Archeon yn Alphen aan den Rijn. De priis is neamd nei Thea Beckmann (1923-2004), dy't tal fan jeugdboeken skreau, lykas Kruistocht in Spijkerbroek.