It wûnder fan 2018: "De beskiedenheid is fuort"

Yn 2018 wienen Ljouwert en Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn de twadielige FryslânDOK 'It wûnder fan 2018' in rekonstruksje: hoe slagge it om de nominaasje binnen te slepen?
Hoefolle enerzjy koste it om der in sukses fan te meitsjen? Wat is slagge, wêr gie it mis en wat lit 2018 nei?
Diel 2 fan 'It wûnder fan 2018' is dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân. Ferline wike is diel 1 útstjoerd.
Besjoch diel 2 fan de FryslânDOK:
Mei 220 grutte eveneminten, lykas de Reuzen fan Royal de Luxe en de fonteinen yn de Fryske alve stêden en 800 inisjativen út de mienskip wei, wie it in suksesfol jier.
Programmamakker Gerard van der Veer sjocht mei tolve haadrolspilers út it iepenbier bestjoer, de kultuersektor en oare belutsenen werom nei de jierren yn oanrin nei 2018 en wat de erfenis fan Kulturele Haadstêd is. Dat is mei basearre op it boek 'Het wonder van 2018' fan Geart de Vries dy't dêrfoar prate mei 120 minsken oer de oanrin nei en de erfenis fan Kulturele Haadstêd.

Yn 2013 wiisde de sjuery Ljouwert oan as Kulturele Haadstêd fan 2018. De winst wie binnen, mar in ûnwisse perioade bruts oan mei projekten dy't omearme en ôfsketten waarden, it kommen en gean fan minsken en it sykjen nei jild. In fernijde ploech krige de opdracht om it bidbook út te fieren.
"Het project is door crisis voortgedreven" seit Sjoerd Bootsma, programmalieder LF2018. "De financiering was niet rond, het management wisselde nogal eens. Het was een instabiele tijd. Van buiten werd ook vaak gezegd: kunnen we dit wel, moeten we wel doen? Ik heb een aantal jaren geen verjaardagsfeestjes bezocht, omdat mensen er vol met hun mening ingingen. Dat was echt niet leuk."
It wie in útdaging. "Je moet een gouden vuurtoren boven aan de dijk bouwen, zodat de hele wereld het ziet. En financiers kunnen dan zeggen: kijk eens hoe mooi onze vuurtoren is. Maar tegelijkertijd moet die vuurtoren ook een gemeenschapshuis zijn van iedereen. En hoe doe je dat?"

Anna Tilroe waard frege foar it djoerste, grutste en meast komplekse projekt: de 11Fountains. De fonteinen yn de alve Fryske stêden dy't Kulturele Haadstêd ynternasjonale útstrieling jaan moasten.
Tilroe: "Ik wilde dat die fonteinen iets zouden gaan belichten van de geschiedenis van de stad." Se socht nei keunstners út alve ferskillende lannen. "Dit was voor Friesland een unieke kans om kunst binnen te halen, die ze anders nooit zouden hebben, kunstenaars van internationale allure."

Ek in doel wie om de Fryske befolking te stimulearjen de finsters te iepenjen nei de wrâld. "Der kaam in soad diskusje oer dat minsken út it bûtenlân frege waarden foar it ûntwerp fan de fonteinen", seit Klaas Dijkstra, marketingstrateech. "Dat koenen ús eigen minsken toch ek wol? De blinen gienen ticht, wylst it idee krekt wie om de blinen te iepenjen."
Te min jild
"Het geld was vanaf het begin problematisch", seit Tilroe. Yn it bidbook stie 3,2 miljoen foar de fonteinen. "Ik wist dat dat niet kon, en had een begroting van 6,8 miljoen. Toen begon de ellende, een idee was om te bezuinigen op marketing of maar zes fonteinen te doen." De rêding kaam krekt op 'e tiid, fan de provinsje dy't de finansiering oernaam.

It publyk rûn lange tiid net waarm foar de plannen, mar by de presintaasje fan it definitive programma yn de hjerst fan 2017 wienen de reaksjes entûsjast. Achter de skermen wie der lykwols noed oer achterbliuwende kaartferkeap.
Op 3 septimber wie de iepening mei in muzikaal en teatraal programma dêr't ek de kening en keninginne by wienen. Nei de earste suksesfolle foarstelling Marijke Muoi begûn de kaartferkeap te rinnen en op Kletterdei gienen de fonteinen oan.

It belangrykste ûnderdiel fan it jier wienen de Reuzen fan it Frânske selskip Royal de Luxe. "Nog steeds noemen mensen me Jan van de Reuzen", fertelt Jan Gaastra, dy't produksjelieder fan de Reuzen wie.
Dûker, famke en hûn
Trije dagen streamde Ljouwert fol om de dûker, it famke en de hûn te sjen. "Er was geld voor twee reuzen, de duiker en het meisje." Op it lêste momint is de hûn der noch by hierd. "Ik had in Montreal en in Liverpool gezien dat je de hond goed kon gebruiken voor crowdcontrol. Omdat die hond sneller was, kon je mensen sneller naar andere plekken trekken, mocht het vast gaan lopen." Om redenen fan feilichheid kaam der ekstra jild foar de hûn.
Op snein wie de úttocht. "Ik zag tranen in de ogen bij de helft van al die tweehonderdduizend mensen. En niet alleen bij de kinderen. De Reuzen brengen een enorme emotie teweeg. Ik kan het ook niet verklaren, maar het gebeurt."

Neffens Tilroe hat Kulturele Haadstêd Fryslân yn it lân sichtber makke. "Der kaam úteinlik 320 miljoen euro yn de regio en 30.000 frijwilligers dienen mei. Der wie in miljard pageviews op ynternet en yn hiel Europa wie it yn de media. As we dat yn it foar sein hienen, hie net ien ús leaud", seit Dijkstra. "We kinne wat en dêr wienen we altyd te beskieden yn. Dat is fuort."
Arcadia
Fjouwer jier letter krige Kulturele Haadstêd mei Arcadia de opfolger: 100 dagen wie der keunst en kultuer. En 1200 beammen rûnen as Bosk troch de stêd.
"De Reuzen waren ingekocht. Dat moest gaan over groot durven dromen", seit Sjoerd Bootsma, artistyk direkteur fan Arcadia. "Nu wilden we het met Bosk zelf doen. Mensen, bedrijven deden mee, overheden en de culture sector. Dat was ons niet gelukt, als we niet de Culturele Hoofdstad hadden gehad."
Geart de Vries oer de FryslânDOK

FryslânDOK 'It wûnder fan 2018' (diel 2, diel 1 is ferline wike útstjoerd)
Sneon 16 septimber NPO2 15.30 oere (werhelling 17 septimber 13.10 oere)
Snein 17 septimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
Snein 17 septimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele