Gjin sintrale wedstriidlieding by SKS Skûtsjesilen, mar wol oanpak wedstriidsaken

De start kin better. Ta dy konklúzje kaam de evaluaasje fan it SKS Skûtsjesilen. In sintrale wedstriidlieding komt der net, mar der wurdt wol in bestjoerslid frijmakke om wedstriidsaken oan te pakken.
SKS-bestjoersleden, skippers en wedstriidkommisjes wiene freed byinoar op in evaluaasjegearkomste yn De Driuwpôlle yn Wâldsein. Neffens SKS-foarsitter René Nagelhout wie it in 'konstruktyf petear' oer it ôfrûne seizoen.
Lingte fan de startline
De skûtsjes hawwe prachtige wedstriden syld, seit Nagelhout mei klam. Mar der bliuwe altyd saken dy't better kinne. In soad wie werom te fieren nei de start, konkludearret er.
"De lingte en de lizzing fan de line, de begearichheid fan de skippers, de rol fan de bûtenomflagge. Dat binne allegearre saken dêr't wy wiidweidich oer praat hawwe."

It seizoen 2023 kende in soad falske starten, guon oanwêzigen brochten op it aljemint dat de startline wol langer mei. Yn it hânboek stiet dat de startline minstens 280 meter is: dat is 14 kear 20 meter oan skippen.
Nagelhout jout oan dat de lingte fan de startlinen byholden is. "It wie in oantal kear folle langer en dat holp wol. Dus dêr wurdt grif nei sjoen."
Bestjoerslid op de wedstriidsaken
Yn de SKS is alle dagen in oare kommisje ferantwurdlik foar de wedstriid. In pear skippers hiene it oer 'amateurisme' en fûnen de wedstriden 'rommelich.'
Guon pleiten foar ien fêste, sintrale wedstriidlieding. Dêrmei soe it nivo fan de organisaasje ferbettere wurde moatte, bygelyks as it giet om it útlizzen fan in baan en om de startproseduere.
Neffens Nagelhout stelt de SKS net fêst dat der struktureel wat mis is, mar sil der wol ûndersyk dien wurde. "Der wurdt sels in bestjoerslid frijmakke om dat de kommende tiid op te pakken: Edou Ritsma. Hy rint ek al aardich wat jierren mei en sil de rol fan bestjoerslid wedstriidsaken neidruklik oppakke."

In diskusje hat der neffens Nagelhout dan ek net oer west: "In sintrale wedstriidlieding past net yn de struktuer fan de SKS. It mei lokale kommisjes wurkjen is hoe't de SKS fan de basis ôf wurket. Dat foldocht goed, om't minsken lokaal goed snappe wat der spilet."
Tagelyk jout Nagelhout wol ta dat guon saken 'op aksinten' oars dien wurde kinne. "Mar dat freget net fuort om in sintrale wedstriidlieding."
Wedstriidstiper op snuffelstaazje
Dit jier wie der al wol in wedstriidstiper, yn de persoan fan Ruurd Jouke van Wieren. "Hy hat in soarte 'snuffelstaazje' dien dit jier. It is in betûfte wedstriidlieder, op basis fan wat hy sjocht en heart en de ûnderfiningen fan de kommisjes, it bestjoer en de skippers geane wy fierder."

In foarm fan wedstriidstipe bestiet al goed tsien jier, mar neffens Nagelhout hat it wol in skoft 'minder evidint of stevich' oanwêzich west.
"Ofrûne seizoen hawwe wy dêr foar it earst wer wat mear op ynset. De wedstriidkommisjes sizze dat it harren ek wol helpt: it jout mear helderheid en je kinne sparre."
Besluten yn maart
De punten dy't bepraat binne op de evaluaasje wurde oppakt troch in team fan skippers, wedstriidkommisjes en de wedstriidstiper. Dit team sil neitinke oer oplossingen.
Yn jannewaris wurdt dat bepraat en yn maart kin der, as it nedich is, besluten wurde oer konkrete foarstellen op de algemiene ledegearkomste.
"Sûnder wriuwing gjin glâns"
Fierder heakket Nagelhout der noch oan ta te begripen dat skippers dit seizoen wolris harren frustraasjes uteren. "Mar dan sitte je der noch middenyn. No binne je in oantal wiken fierder, de emoasje is der ôf. Dan wurdt der op in nochtere wize nei sjoen."
De SKS moat der mei-inoar nei sjen, seit hy. "Dat is ek de krêft fan de SKS. Skippers of bestjoerders bepale net allinne hoe't it komt, dat dogge wy mei ús allen. Fansels is it ek wolris skerp, mar sûnder wriuwing ek gjin glâns. Eltsenien set de skouders derûnder, ik haw der alle betrouwen yn."