Hussein Ali: "Spylje foar Hearrenfean en Irak is in dream dy't útkomt"

© Orange Pictures
It wie al in dream dy't útkaam om foar Hearrenfean te spyljen. No makke Hussein Ali dizze wike ek noch syn debút foar it lân dêr't hy noch noait west hat: Irak.
Ali spile in toernoai mei yn Thailân. Yn de earste wedstriid tsjin Yndia spile hy de folsleine wedstriid mei. De wedstriid einige yn 2-2, mar Irak wûn nei penaltys. "De earste wedstriid tsjin Yndia hiene we folle mear balbesit en hold de tsjinstanner foaral tsjin."
Yn de twadde wedstriid, fuort ek de finale, wie Thailân de tsjinstanner. Krekt foar de ein waard Ali nei de kant helle. Neffens Ali wie Thailân fan in best heech nivo. "Tsjin Thailân seachst dat de tsjinstanner echt goed fuotballe koe. It wie in aardich goed nivo."
Ek tsjin Thailân waard it 2-2. En wer naam Irak de penaltys better. Dêrtroch mocht Irak him de winner fan de saneamde King's Cup neame.

Hikke en tein yn Sweden

Ali is berne yn Sweden en hat dêr ek syn hiele libben wenne. Opgroeid yn Malmö. Syn heit komt út Irak, syn mem út Syrië. Yn 1989 ferhuzen syn âlden nei Sweden, yn 2002 waard Ali berne.
Mar hy wol leaver net prate oer wêrom't syn âlden nei Sweden gong binne. "It is net oan my om dêr wat oer te fertellen. Ik wit ek net alles, en ik praat der leaver ek net oer."
Hussein Ali
Sadwaande hat hy ek noch noait yn Irak west. Ek no net, omdat it toernoai plakhie yn Thailân. Mar grutsk is hy wol, dat hy no spylje mei foar it lân dêr't syn heit berne is. "It wie echt moai. It wie in dream, dy't útkaam. Om foar it lân fan ús heit te fuotbaljen. It wie in goeie en moaie ûnderfining. Ek foar myn eigen ûntwikkeling."

Heit en mem grutsk op Ali

Ali spilet foar jeugdteams yn Sweden, mei oare ynternasjonals as Amin Sarr en Patrik Wålemark. Mar dat hy no foar Irak spilet, makket foaral syn heit en mem hiel grutsk.
"Se wiene ek yn Thailân. Dat wie echt in moai momint. Ik ha der echt fan geniete dat se kamen om my te stypjen. Foar heit wie it ek in geweldich momint. Hy seach nei it nasjonale team fan Irak doe't hy jong wie en no sjocht hy my dêr yn spyljen. Dat wie hiel moai."
Rewan Amin © Orange Pictures
Hussein Ali kaam yn de simmer fan 2022 nei Hearrenfean. Hy kaam oer fan Örebro SK. Op dat momint is Milan van Ewijk de rjochtsback fan Hearrenfean en wit Ali dat hy net in soad minuten krijt. Fiif kear mei hy ynfalle, mar mear as 27 minuten yn de earedivyzje krijt hy net. Allinnich yn de beker, tsjin HSV Hoek, begjint hy yn de basis.

'Alles moat better'

No is Van Ewijk ferkocht en krijt Ali syn kâns. De earste fjouwer wedstriden spile hy yn de basis. "Ik bin echt bliid dat ik spylje. It is in dream dy't útkomt om foar sa'n grutte klup as Hearrenfean te spyljen."
Dochs spile hy noch gjin inkelde wedstriid hielendal út. Trainer Kees van Wonderen helle him alle kearen earder nei de kant. Ali is dan ek nochal selskritysk. "Ik tink dat ik alles noch ferbetterje moat. Sa'n type spiler bin ik. Oanfallend en ferdigenjend moat alles better. Ik bin ek noch jong, mar ik tink dat ik op de goeie wei bin."

Rewan Amin

Hussein Ali is net de iennige spiler dy't foar Hearrenfean spile hat en útkomt foar Irak. Rewan Amin út Ljouwert hat ek ynterlannen spile foar Irak. Hy spilet no yn Irak by Duhok SC en waard de lêste kear doe't Hussein Ali derby wie net opnaam yn de seleksje.
Ik ha him sjoen, doe't hy yn Ljouwert wie. We ha wat mei elkoar iten. Hy is echt in goeie jongen. Ik ha syn famylje troffen. Hy hat echt in grut hert."