'Ronde van Ooststellingwerf' moat it Fryske hurdfytsen nij libben ynblaze

Corona, jildproblemen of it net beskikke kinnen oer plysje. Om ferskate redenen ferdwûnen de ôfrûne jierren hurdfytswedstriden yn Fryslân fan de kalinder. Mar lang om let komt der wer ien by.
Dat dêr feroaring yn komt, is te tankjen oan Patrick Vliegen út Easterwâlde. Hy is yn it deistich libben frachtweinsjauffeur en hat mei syn kollega Paul Hoek de finale fan de AGU klupkompetysje nei Easterwâlde ta helle.
"Het is een wielerklassieker met een grote omloop, een flinke afstand (175 km yn totaal, red), en een doorkomst in verschillende dorpen", seit Vliegen. Offisjeel hat de wedstriid de namme 'Ronde van Ooststellingwerf' krigen.
156 fytsers op de list
De AGU klupkompetysje telt, ferspraat oer it jier, seis wedstriden. Yn totaal dogge 26 klups út it hiele lân mei oan de kompetysje. Leafst 156 fytsers steane op de dielnimmerslist.
It binne topfytsers dy't foar in klup útkomme en gjin kontrakt ha by in (semy-)profesjonele formaasje, mar wol faak yn de buert komme fan dat profnivo.

De Ronde van Ooststellingwerf is snein de klimaks fan dy kompetysje. Nei ôfrin fan de wedstriid mei start en finish yn Easterwâlde wurdt de einútslach bepaald. Dan wurdt dúdlik wat de bêste hurdfytsferiening fan Nederlân is.
Vliegen komt út Noard-Brabân, mar wennet no yn Easterwâlde. Hy fytste 14 jier op topnivo en is tsjintwurdich ploechlieder fan TWC De Kempen út Valkenswaard, ien fan de teams dy't meidocht yn de AGU klupkompetysje.
It hurdfytsen wer op de kaart
Syn doel? De hurdfytssport yn Fryslân op de kaart sette. "Het wielrennen leeft hier niet echt", seit er. "Er zijn geen echte wielerwedstrijden meer en dat is eeuwig zonde."
Als er een Friese winnaar uitrolt, is dat helemaal mooi.
It organisearjen fan in hurdfytswedstriid yn it Noarden fan Nederlân freget moed en foaral trochsettingsfermogen. Allinnich al yn Fryslân binne der de ôfrûne 10 jier 17 koersen fan de kalinder ferdwûn. Wêrom soest it dan dochs noch besykje?
"Ik kom uit Brabant", seit Vliegen. "Daar zeggen we: niet geschoten, is altijd mis. Dus hebben we een schot gelost en zie, het was raak."
Foardiel is dat Vliegen gjin bûtensteander is, mar de hurdfytswedstriid fan binnenút ken. Mei dêrom hie er fuort syn fizier rjochte op de AGU klupkompetysje. "Voor deze competitie is de organisatie van een wedstrijd net iets makkelijker. Je hebt minder gedoe met financiën."
De Ronde van Ooststellingwerf is in wedstriid foar de saneamde Elite en Beloften, dat binne de twa kategoryen foar topfytsers sûnder kontrakt. It parkoers is 20,8 kilometer lang. Dy ronde lizze de fytsers sân kear ôf.
Om 12.00 oere is de start op de Nanningaweg yn Easterwâlde. Dêrnei geane de fytsers yn de rjochting fan De Fochtel, Appelskea en Langedike om dan oer Makkingea en Donkerbroek wer werom te riden nei Easterwâlde.
Vliegen stapte dêrom mei syn kollega Paul Hoek nei de Nederlânske hurdfytsuny ta, de KNWU, mei de fraach oft se in wedstriid organisearje mochten.
Fuortendaalks liet Vliegen ek witte hokker wedstriid oft er yn gedachten hie: de finale fan de AGU klupkompetysje. En omdat der noch gjin lokaasje keazen wie foar dy wedstriid, hapte it bûn ta.

Mar tink dat net se de wedstriid samar even út de hege hoed tovere ha. "We zijn in januari al begonnen. Eerst met centjes binnenhalen. En we hebben 115 vrijwilligers geregeld."
Yntusken ha Vliegen en Hoek help krigen fan oare hurdfytsleafhawwers. Sa stiet der no in organisaasjekomitee fan acht man. De ôfrûne dagen setten se de puntsjes op de i.
Vliegen tinkt dat der sa'n 500 oant 1.000 taskôgers by de kant del stean sille. "Ik hoop op een leuke wedstrijd en lekker weer. En als er een Friese winnaar uit rolt, is dat helemaal mooi."